RIVM: 142 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 142 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 19 minder as tongersdei. Doe waarden der 161 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It giet allinnich om testen dy't ôfnaam binne troch de GGD. De testen foar in coronatagongsbewiis wurde net yn dizze sifers meinommen.

Trochsneed

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 122 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat trochsneed op 111, in wike lyn op 70.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 3.736. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 3.068.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.