2,5 jier sel easke tsjin seksuele 'uitbuiter' fan 15-jierrich famke

15 okt 2021 - 15:10

Justysje hat twa en in heal jier sel easke tsjin in 38-jierrige Noard-Hollanner dy't in 15-jierrich famke fan Drachten oanset ha soe ta prostitúsje. De man hie mooglik mei wol tûzen famkes kontakt socht fia sosjale media.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man stiet terjochte foar seksuele 'uitbuiting' fan in minderjierrige persoan. De man hie him foardien as frou en trune it famke oan om de prostitúsje yn te gean. Hy soe op ferskate sosjale media kontakt hân ha mei in soad minderjierrige famkes. Dêr hold er thús in kompleet lochboek fan by.

Meardere Fryske fertochten

Yn de saak stienen earder al oare fertochten terjochte. Under oaren tsjin in Burgumer (22) dy't it famke har earste klant wie, easke Justysje trije jier sel. Hy hie har boppedat meardere kearen fuortbrocht nei ôfspraken. Hy joech ta dat er wist dat it famke minderjierrich wie. Hy krige úteinlik tsien moannen sel en moast him behannelje litte.

In man fan Hurdegaryp (22) soe it famke ien kear fuortbrocht ha. Tsjin de Hurdegarypster waard seis moannen sel easke, hy hoegde úteinlik de sel net yn, om't er al sitten hie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)