Issa Kallon werom by SC Cambuur as ynternasjonal fan Sierra Leöane

15 okt 2021 - 14:14

Sûnt dizze wike mei Issa Kallon him ynternasjonal neame. Hy debutearre foar it nasjonale alvetal fan Sierra Leöane. Werom yn Ljouwert spilet er sneon mei SC Cambuur tsjin Fortuna Sittard.

Issa Kallon oer syn aventoeren by Sierra Leöane:

De oanfaller fan SC Cambuur waard al earder benadere troch Sierra Leöane, mar de útnûgings lei er hieltyd njonken him del.

Oant in pear wiken lyn, doe't Kallon op 'e nij frege waard. "Ik stond er niet voor open, want ze hadden nooit perspectief op een groot toernooi. Dat hebben ze nu wel, want ze hebben de Afrika Cup gehaald. Nu leek het me wel interessant om heen te gaan."

Sierra Leöane spile trije wedstriden. Twa dêrfan wiene offisjele oefenwedstriden, wêryn't Kallon allinnich net meidwaan mocht. "Mijn FIFA-paspoort is nog niet op orde. Dat zal pas in november geregeld zijn", fertelt de 25-jierrige bûtenspiler.

Als ik zag dat iemand met zo'n wilde tackle aankwam, sprong ik al op.

Issa Kallon kaam yn 'e kunde mei it Afrikaanske fuotbal

Hy gie lykwols net foar neat hinne. "Ik kon alleen de laatste wedstrijd spelen tegen Marokko. Dat is een vriendschappelijke wedstrijd, die buiten de FIFA om geregeld is. Dus ik kon gelukkig nog wel één wedstrijd spelen."

Yn dy wedstriid kaam Kallon sântich minuten yn aksje. Hy stie sels noch oan de basis fan in doelpunt. It wie syn earste oanrekking mei it Afrikaanske fuotbal. Dat stiet bekend as tige fysyk en hurd.

Spikerhurde tackles

Dêr is gjin wurd oan liigd, neffens Kallon. "Het gaat er super hard aan toe. Ik schrok ervan toen ik op de tribune zat. Tackles met twee benen wordt niet eens voor gefloten. Het is soms niet normaal wat je daar ziet."

It goeie nijs foar de supporters fan SC Cambuur is dat Kallon wer hielendal hiel werom is yn Ljouwert. Hy jout ta dat er rêstichoan dien hat: "Als ik zag dat iemand met zo'n wilde tackle aankwam, sprong ik al op. Ik ben blij dat ik nog heel ben", laket Kallon, dy't sneon ynsetber is foar Cambuur.

Henk de Jong sjocht dat de ynternasjonals fit werom kaam binne

Jamie Jacobs kin ek wer spylje by de Ljouwerters. Hy miste de lêste wedstriden fanwege in blessuere. Trainer Henk de Jong liet yn de midden oft er Jacobs fuortendaliks fanôf it begjin starte lit. Dy kans is lykwols grut. Dat betsjut dat Mitchel Paulissen wer op de bank begjint.

It is net de iennige feroaring yn de ploech. Alex Bangura krige tsjin AZ in reade kaart en is skorst tsjin Fortuna Sittard. Hy wurdt ferfongen troch David Sambissa.

Tsjinstanner Fortuna Sittard wûn de earste wedstriid fan it seizoen, mar stiet nei sân wedstriden noch mar op fiif punten. Cambuur kin sadwaande it gat mei de Limboargers fergrutsje nei tsien punten, as se winne.

'Gouden dingen'

Dat besef libbet ek by De Jong. "We kinne gouden dingen dwaan. We binne goed start. We ha de top trije fan foarich jier hân en dy wiene iets better as ús. Oare wedstriden sieten we der ticht by of oerhinne. Dat moatte we eins folhâlde de kommende wiken."

Wat wit De Jong fan de tsjinstanner fan sneon? "Se spylje ferskillende systemen. Dat is net te betrainen foar ús. We sjogge wat se dogge en dêr reagearje we op, we ha ferskillende plannen."

Roberts Uldrikis yn duel mei Virgil van Dijk - Foto: Orange Pictures

De Jong sjocht dat syn spilers sûnder blessueres weromkaam binne fan de ynterlannen. Under de spilers dy't útfleagen, siet ek spits Roberts Uldrikis. Hy spile mei Letlân ûnder oare tsjin Nederlân. De Jong siet dat duel mei boppemjittige ynteresse foar de telefyzje.

Bearenburch

De Cambuur-trainer hie nammentlik in flesse bearenburch oan Uldrikis beloofd, as er skoare soe. "En as er twa kear skoard hie, mocht er fjouwer wedstriden net spylje. Dat is fuotbalhumor."

Yn Letlân is bearenburch lykwols net sa bekend, fertelt De Jong. "Hy wist net wat it wie. Doe't ik sei dat der alkohol yn siet, sei er: jou it mar oan myn heit." Mar, sa fier kaam it dus net, want Uldrikis skoarde net. Al wie er der tichtby.

De wedstriid tusken SC Cambuur en Fortuna Sittard begjint sneontejûn om 21.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint al om 18.30 oere, om't sc Hearrenfean om 18.45 úteinset tsjin Ajax.

(Advertinsje)
(Advertinsje)