Noardeast-Fryslân fiert polsbantsjes yn en krijt wer 'Testen voor Toegang'

Gemeente Noardeast-Fryslân fiert polsbantsjes yn yn de stêd Dokkum. Boppedat krijt de gemeente wer in lokaasje foar 'Testen voor Toegang'. Earder sei de gemeente dat der noch gjin ferlet wie fan in systeem mei bantsjes.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Ljouwert wie de earste gemeente dy't polsbantsjes ynfierde as tagongsbewiis foar de hoareka. De polsbantsjes moatte it foar hoarekasaken makliker meitsje om minsken oan de doar te kontrolearjen.
Nei in súksesfol earste wykein mei de bantsjes wie ek de gemeente Hearrenfean om. En fan freedtejûn ôf is it ek yn Dokkum mooglik om mei in polsbantsje de hoareka yn te kommen.

'Testen voor Toegang' komt werom

Minsken dy't net faksinearre binne, kinne harren foar in QR-koade teste litte by in testlokaasje fan Open Nederland. Dy lokaasjes blykten lykwols net foar elkenien tichtby te wêzen. Foar ynwenners fan Noardeast-Fryslân, dy't oars nei Drachten of Ljouwert ride moasten, waard in tydlike testlokaasje yn Dokkum opset, mar dy wie nei tsien dagen wer ticht.
De gemeente Noardeast-Fryslân sil no sels in lytse testlokaasje opsette, by it checkpoint foar de bantsjes op de Merk yn Dokkum. Dêr kinne minsken njonken in polsbantsje dus ek in sneltest dwaan litte. It checkpoint is foarearst allinne freeds en saterdeis iepen.