AED's op alle Fryske stasjons: "It is fan libbensbelang"

15 okt 2021 - 12:58

Op alle stasjons yn Fryslân komt in AED te hingjen. De Automatische Externe Defibrillator kin it hertritme werombringe by in hertstilstân en jout elektryske skokken. Oant no ta wiene de AED's allinne te finen op de gruttere stasjons, mar no krije ek de lytste stasjons sa'n apparaat. De earste is freed pleatst yn Snits.

AED's op alle Fryske stasjons

It is wichtich om in AED yn de buert te hawwen, fertelt wethâlder Mirjam Bakker. "Mensen die de AED kunnen bedienen worden meteen opgeroepen en die zijn er vaak sneller dan de ambulance, en zo kan er heel snel ingegrepen worden in de eerste hele belangrijke minuten."

20 kear ynset

Op de gruttere stasjons yn Nederlân hinget al in AED, mar dy komt no ek op alle lytsere stasjons. "Juist een station is een plek waar het heel logisch is om ook een AED te plaatsen", seit Geert Meijering fan de NS. "Zo kan iemand snel gereanimeerd worden en daarmee kun je levens redden."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Yn juny is begûn mei it pleatsen fan de AED's op de lytsere stasjons. "Op de minder grote stations zijn nog niet ingezet, op de grote stations zijn al ongeveer 20 inzetten geweest met AED's, seit Meijering.

Sietske Halma jout in kursus reanimaasje - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Op it stasjon fan Snits koene minsken freedtemoarn in training yn reanimaasje krije. Ynstruktrise Sietske Halma neamt de AED tige wichtich. "Slachtoffers hawwe 70 persint mear kâns om te oerlibjen. It is echt fan libbensbelang."

Elts kin it brûke

Ien dy't noch nea mei in AED wurke hat kin it apparaat ek brûke, leit Halma út. "Hy fertelt alles. Hy fertelt datst de klean út dwaan moatst, hy fertelt datst it slachtoffer loslitte moatst. Hy praat tsjin dy. Dit is in moai inisjatyf om mear minsken yn Fryslân rêde te kinnen."

Sa waard de AED yn Snits pleatst

Trefwurden: 
Snits AED stasjon
(Advertinsje)
(Advertinsje)