Gemeente Harns wol amtners byinoar om it Stedhûs hinne

15 okt 2021 - 12:00

It kolleezje fan gemeente Harns wol syn amtners in plak jaan yn it sintrum fan Harns. Yn it ôfrûne jier is der ûndersyk dien nei de helberens fan dat plan.

It Stedhûs fan Harns - Foto: Shutterstock.com (marketa1982)

Op dit stuit sit de gemeente fanwegen in brek oan romte ferspraat oer fiif lokaasjes yn de stêd. It gefolch is lykwols dat guon lokaasjes just wer leech beset binne. De gemeente hat de amtners it leafst safolle as mooglik ûnder ien dak.

Yn septimber 2020 is besletten om fan de fjouwer senario's dy't der wiene, in sintrumplan fierder te ûndersykjen. Dêr moat foar ferboud wurde, dus dêrom moast ek sjoen wurde oft it finansjeel en boukundich helber wêze soe. In foarstel foar it húsfestjen yn it Stedhûs, MFC Het Vierkant en nijbou oan de Westerseedyk foel net goed yn de ried.

Sosjaal domein

It kolleezje hat no besletten ek de meiwurkers fan it sosjaal domein ta te heakjen oan it plak. Dat soe de gearwurking binnen de organisaasje te'n goede komme. Der is alle jierren 118.000 euro nedich om de sosjale teams yn it sintrum te húsfestjen.

MFC Het Vierkant bliuwt bestean as stipepunt foar ynwenners mei fragen. Dêr wurde ek de petearen mei ynwenners holden. Yn it sosjaal en kultureel sintrum sitte bygelyks organisaasjes as it Gebietsteam, De Skûle Welzijn en GGD Fryslân.

HEMA oankeapje

Foar it húsfestjen is in ekstra gebou nedich. De gemeente tinkt oan it oankeapjen fan de HEMA, njonken it stedhûs. Dy winkel bliuwt ûnder, de gemeentekantoaren kinne dan nei boppen.

It plan om it Stedhûs hinne - Foto: Gemeente Harlingen

Der wurdt noch ûndersocht hoe't de Groenlandsvaarder, it Stedhûs en de HEMA krekt fysyk mei-inoar ferbûn wurde kinne, jout de gemeente oan.

Plan: 2025 klear

De bedoeling is dat it ferbouwen yn 2023 úteinset en yn 2025 klear is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)