Tebeksetter foar proef mei ierdwaarmte yn Ljouwert: "Te min wetter"

15 okt 2021 - 14:39

In grutte tebeksetter foar it ierdwaarmteprojekt yn Ljouwert: it wetter is wol waarm genôch, mar der is te min wetter. Dat hat bliken dien út ûndersyk op in proeflokaasje. De yntinsje is om 8.000 wenten oan te sluten op de ierdwaarmte.

Tebeksetter foar proef mei ierdwaarmte yn Ljouwert: "Te min wetter"

Fan july ôf hat in in konsortium fan fjouwer bedriuwen op in proeflokaasje oan de súdkant fan Ljouwert boarringen dien om út te finen oft der foldwaande waarm wetter yn de grûn sit. "Dat is het positieve: het water is warm genoeg. Het moet minstens 95 graden zijn, maar het is soms wel 99 graden", seit Gert Schurer fan it projekt Warmte van Leeuwarden. It is dus waarm genôch, mar der is te min wetter.

De boarput - Foto: Warmte van Leeuwarden

Schurer jout oan dat de kommende twa moannen ferfolchûndersyk dien wurdt nei de mooglikheden foar 'geotermy'. "Over drie kilometer diepte is om de tien meter een monster genomen, die data gaan we allemaal langs. Dat is een klein onderdeel van alle data die we hebben."

Foar it totaalprojekt betsjut it dus yn it meast positive gefal twa moannen fertraging. "Maar hoe het komt, is niet duidelijk."

We houden hoop, maar het is complex en het kost veel tijd. Als er geen hoop was, waren we niet doorgegaan.

Gert Schurer fan it projekt Warmte van Leeuwarden

Foar de projektgroep is it net moai nijs, erkent Schurer. "We houden hoop, maar het is complex en het kost veel tijd." En dochs: "Als er geen hoop was, waren we niet doorgegaan."

Wenten, bedriuwen en sels it MCL

It projekt Warmte van Leeuwarden is in inisjatyf fan Ennatuurlijk, Bouwgroep Dijkstra Draisma, EBN en Shell. It konsortium hie foar de earste 15 jier 70 miljoen euro SDE-stipe (Subsidie Duurzame Energie) krigen. Njonken 6- oant 8.000 wenten hawwe ek bedriuwen en sikehûs MCL harren oanmeld foar it projekt.

De projektgroep wie yn 't earstoan fan doel om ein 2022 de earste ierdwaarmte te leverjen. Dêrfoar soe in nije sintrale boud wurde moatte en in waarmtenet oanlein wurde moatte. Mar dat hong ôf fan de resultaten fan de proef.

Gert Schurer dêr earder al oer: "Komt er niet voldoende water naar boven of is het water niet warm genoeg dan hebben we wel een probleem. Dan moeten we kijken of het project verder kan."

Nettsjinsteande dizze tebeksetter, is Schurer posityf oer de takomst: "Het is zo'n mooi project en er wordt zo hard aan gewerkt, we zijn er zes jaar mee bezig. Het is een tegenvaller, dat kunnen we niet ontkennen. We moeten gewoon zorgen dat we het oplossen."

Ierdgasfrij

Yn 2050 moatte alle wenningen yn Nederlân ierdgasfrij wêze. Geotermy is ien fan de opsjes om in hûs duorsum te ferwaarmjen. Dêrfoar wurdt de waarmte fan sâlt grûnwetter op somtiden kilometers djipte brûkt. It ôfkuolle wetter wurdt wer yn de boaiem ynjektearre.

Schurer oer tebeksetter yn it ûndersyk nei ierdwaarmte

(Advertinsje)
(Advertinsje)