Brân yn Drachten wie needlottich ûngelok: slachtoffer wie man fan 89 jier

De persoan dy't tongersdei by in brân yn in flat oan de Berglaan yn Drachten om it libben kaam, wie in 89-jierrige man fan Drachten. Dat hat de plysje bekend makke. Neffens harren giet it om in needlottich ûngelok.
© Raymon Roersma / ProNews
De plysje hat ûndersyk dien nei de brân, mar om't bliken die dat it om in ûngelok giet is it ûndersyk no ôfsletten.
By de brân binne ek trije persoanen ferwûne rekke. It fjoer ûntstie op de heechste ferdjipping fan it appartemintekompleks. Yntusken binne hast alle bewenners wer werom yn har hûs. Fjouwer apparteminten binne foarearst ûnbewenber.