Omrop TIP: It NNO mei it swingende ‘Symphonic Jazz’-konsert

15 okt 2021 - 10:24

It Noord Nederlands Orkest (NNO) spilet freed om 20.15 oere it swingende Symphonic Jazz yn de Oosterpoort yn Grins. Op it programma fol kleurige klanken stean wurken fan Kurt Weill, George Gershwin, Artie Shaw en Leonard Bernstein. It konsert wurdt live útstjoerd by Omrop Fryslân.

Foto: NNO

Nei in krisis brekt de sinne troch. Dat bewiisde de Jazz Age sa'n hûndert jier lyn: de ein fan de Earste Wrâldoarloch waard mei oerjefte fierd. Jazzorkesten setten de toan, yn de Feriene Steaten likegoed as yn Europa.

Wayne Marshall

Dirigint Wayne Marshall stiet oan de lieding fan it orkest. Hy dirigearre ûnder oare it Royal Scottish National Orchestra, it Taipei Symphony en it Malaysian Philharmonic. Wayne Marshall is neist dirigint ek oargelist en pianist. Under it konsert sil er foar it nûmer Rhapsody in blue fan George Gershwin efter de piano krûpe.

Foto: NNO

Klarinettist Joost van Rheeden spilet in grutte rol by it konsert. Hy studearre klarinet oan it konservatoarium yn Amsterdam en folge masterclasses by ûnder oaren Hans Rudolf Stadler en Karl Leister.

It konsert op freed 15 oktober yn de Oosterpoort yn Grins is fan 20.15 oere ôf live te folgjen op telefyzje en online fia www.omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer it konsert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)