Achtkarspelen stekt 470.000 euro yn oanpak De Kruidhof yn Bûtenpost

15 okt 2021 - 09:56

De gemeenteried fan Achtkarspelen is tongersdei akkoart gien mei in ynvestearring fan 470.000 euro yn botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost. Njonken renovaasje moat it jild ek nei nijbou fan gebouwen gean.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

By De Kruidhof moatte in nije kas, loads en skaadhal komme. Fierder wurdt it kontenerfjild renovearre en it túnkafee ferboud. Troch dizze oanpak moat de tún wer tweintich jier foarút kinne.

De bedoeling fan de gemeente is ek dat it subsydzjekosten skeelt. De gemeente hopet dat de tún tenei mei sa'n 162.000 euro minder ta kin en dat it noch sa'n 120.000 euro it jier kostet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)