De toan fan Joana Duarte: "De frisistyk (I)"
"In skoftsje lyn wie ik yn Amsterdam om dêr kolleezje te jaan. In kollega fan de UvA fertelde my dat har fakulteit in nije heechlearaar Dútsk beneame woe en dat der tusken de kandidaten ek in memmetaalprater Dútsk siet. "Stel dy foar, dat hawwe wy net sa faak!", sei se noch.
Wylst ik tocht oan al dy kollega's dy't foar de opliedings Frânsk en Ingelsk wurkje, dy't dy talen ek net fan hûs út prate, ferfolge myn kollega: "Hoe is dat einlik by jim yn it Noarden? Binne frisisten altyd memmetaalsprekkers?". Ik moast har it antwurd skuldich bliuwe. Ik moast my earst yn de saak ferdjipje, realisearre ik my.
De frisistyk wurdt definiearre as de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal- en letterkunde. Der bestiet net folle diskusje oer dat nearlandisy oer it algemien Nederlânsk studearre hawwe. In heechlearaar Ingelsk op in Nederlânske universiteit hoecht net perfoarst in memmetaalsprekker Ingelsk te wêzen. Wurdt dêr foar wat de frisistyk oanbelanget oars oer tocht? Ik wist it net krekt. Dat it mear minsken dwaande hâldt, docht wol bliken út it feit dat de Fryske Akademy yn 2019 foar de jierlikse "Akademydei" as tema "De takomst fan de frisistyk yn Nederlân" keas.
Sadwaande besleat ik de kwestje neier te ûndersykjen. Net heech wittenskiplik, mar út oprjochte nijsgjirrigens wei én foar myn Omropkollum fansels. Dêrom stelde ik in enkête op mei sechstjin iepen en sluten fragen oer de frisistyk, dy't ik fersprate ûnder de kollega's fan NHL Stenden en de Fryske Akademy, en beliedsmeiwurkers fan de provinsje.
Fia fia fûn de fragelist fierder syn wei ûnder dosinten Frysk, emearitus heechleararen en meiwurkers fan de Afûk. Ik pretindearje dêrmei net kompleet te wêzen, mar myn útfraach smite dochs in soad reaksjes op. Earst fia de mail en Whatsapp, letter ek yn petearen. Guon minsken fûnen it moai dat ik dizze fragen stelde, oaren fûnen de fragen ferkeard formulearre, en wer oaren fûnen dat de kwestje te gefoelich lei om der überhaupt fragen oer te stellen. Uteinlik wiene der dochs seisenfjirtich minsken ree om de enkête yn te foljen. Dat liket faaks in bytsje, mar de frisistefiver dêr't jo út fiskje kinne is no ek wer net sa grut dat jo hege oantallen ferwachtsje kinne. Sels as jo it breed besjogge.
Njoggenentritich fan de respondinten wiene Frysktalich fan hûs út, sân net. Let wol: it giet hjir om selsidentifikaasje; ik haw it net kontrolearre of metten. De measte enketearren wurkje by de Fryske Akademy (36,5%) en NHL Stenden (29%). Der wiene lykwols ek respondinten út it basis- en fuortset ûnderwiis (12%) en fan de universiteit (9%). Ek in pear meiwurkers fan de provinsje en de Afûk follen de fragelist yn. De grutte mearderheid fan de ûnderfregen is ûndersiker (40%), dêrûnder ek heechleararen en lektoaren (al of net emearitus), mar der sieten ek direkteuren, learkrêften en beliedsmakkers tusken.
De frisistyk is in ûnderwerp dat gjin fan de respondinten ûnferskillich lit. Ien fan har wie hielendal klear mei it ûnderwerp en skreau sa stadichoan kromme teannen te krijen fan "dy hiele diskusje oer de frisistyk", omdat dy "foar hiele ferfelende politike diskusjes" brûkt wurde soe. In oar frege him ôf oft in frisist perfoarst in taalbeweger wêze moast: "Ik fyn fan net. Frisistyk is wat my oanbelanget mear wittenskip as polityk", stelde dizze respondint. De frisistyk soe him lykwols net allinnich op ûndersyk rjochtsje moatte, mar ek op ûnderwiis en foarming, en der foar soargje moatte dat der in ynfrastruktuer is, dy't minsken de mooglikheid jout om "Fryske talen" (let op: "Fryske talen") te learen, dy te brûken en thús te wurden yn 'e Fryske skiednis.
Bytiden rinne de mieningen bot útinoar. Sa wie in respondint fan miening dat "fanwegen it grutte symboalyske belang foar it Frysk" de mearderheid fan de kaaiposysjes yn it Fryske kulturele en wittenskiplike fjild (direkteuren, heechleararen) troch memmetaalsprekkers fan it Frysk beset wurde moatte soe. Wylst in oar krekt oanjoech dat it benammen wichtich is dat immen saakkundich is, de saak akademysk beskôgje kin, sûnder persoanlike of idealistyske foarkarren, en sûnder polityk. Dat lêste soe spitigernôch wol te faak barre, en dêrmei te min romte litte oan nije generaasjes, om in nij lûd hearre te litten.
En dan de antwurden op de enkêtefragen sels. Benijd hokfoar byld dêr út opriist? Harkje dan nei myn kollum fan nije wike ;-)."