De bonkerakken fan Boksum: 16e-iuwske slachtoffers yn tsjerke

De Sint-Margryttsjerke fan Boksum is tenei it lêste rêstplak foar twa skeletten. It giet om slachtoffers fan de Slach by Boksum: de fjildslach dy't yn 1586 mei de Tachtichjierrige Oarloch by it doarp wie.
Bokke en Skelte lizze tenei yn 'e tsjerke:
"It meast bysûndere is fansels it kûgelgat yn de plasse", fertelt tsjerkebehearder Kees Iepema. "Der is dúdlik te sjen dat er fan tichtby delsketten is. Gewoan eksekutearre. Dat foel fuort op."

Fûn by it oanlizzen fan in tunnel

De twa skeletten binne yn 2016 ûntdutsen, krekt bûten it doarp. "De skeletten binne fûn by de oanlis fan in fytstunnel, by in ôfgraving. Doe die frij gau bliken dat it gie om Friezen út de tiid fan de Slach by Boksum. De konklúzje wie dat it slachtoffers wiene."
De Slach by Bokum wie op 17 jannewaris 1586: it gie om in konfrontaasje tusken it Spaanske leger en it Steatske leger. De Spanjerts wiene Fryslân al plonderjend binnenfallen. Der waard ûnder stedehâlder Willem Lodewijk van Nassau gau in legerke foarme, dat him yngroef by Boksum. De Friezen waarden lykwols troch de Spanjerts besingele en ôfslachte. Der binne in lytse 500 slachtoffers fallen.

Net yn in depot, mar behâlde foar Boksum

Iepema en doarpsgenoaten woene de bonkerakken graach behâlde foar it doarp. "Wy hawwe al gau sein: dy moatte wy hjir yn Boksum hâlde. Net earne yn in depot of yn in museum yn Ljouwert, mar hjir yn Boksum. Wy hawwe ús stjonkende bêst dien: dat hat flink wat telefoantsjes, brieven en e-mailtjes koste. Want der wiene mear kapers op de kust: Historisch Centrum Leeuwarden hie der bygelyks ek wol earen nei. Mar wy hawwe it foarinoar krigen dat sy hjir lizze."

Mear skeletten

By de fynst kamen der fiif skeletten út de grûn, mar yn de tsjerke lizze der mar twa. "Mooglik hawwe sy gewoan earst yn it fjild lein en binne sy letter pas begroeven. It lei trochinoar en wie net allegearre kompleet." De skeletten yn de tsjerke binne dan ek de meast komplete skeletten.
"Wy hawwe in lege fitrine makke, sa't it ek wer ûnsichtber makke wurde kin foar bygelyks tsjerketsjinsten of begraffenissen. En as der in konsert of optreden is moat it ek net yn 't paad stean", seit Iepema.
De doarpsbewenners hawwe de skeletten yntusken ek fan in namme foarsjoen. "It binne Bokke en Skelte."
Snein 17 oktober is der in iepen dei yn de Sint-Margryttsjerke fan Boksum. Dan is der mear ynformaasje oer de Slach by Boksum en dan binne ek de skeletten te sjen.