Bekerwedstriden UNIS Flyers omset yn reglemintêr ferlies

14 okt 2021 - 22:47

De twa oerwinningen fan iishockeyklup UNIS Flyers yn it bekertoernoai ferline wike binne omset nei in ferlies. Neffens it tuchtkolleezje fan de BeNe League hat de klup in spiler opsteld dy't net spylje mocht.

Riku Pitkânen (rjochts) yn de wedstriid tsjin Eaters Geleen - Foto: Orange Pictures

It giet om Riku Pitkänen, dy't yn de wedstriden tsjin Hijs Hokij en Eaters Geleen meidien hat.

Flyers sels seit dat de klup fan IJshockey Nederland te hearren krigen hat dat Pitkänen oan alle betingsten foldocht en dus spylje mocht.

It tuchtkolleezje fan de BeNe League sjocht dêr dus oars tsjinoan. Dat hat de beide wedstriden omset yn in 5-0 ferlies foar Flyers.

Dupe fan diskusje

"UNIS Flyers lijkt hierdoor de dupe te worden van een bevoegdheidsdiscussie tussen de besturen van IJshockey Nederland en van BeNe League", skriuwt de klup op de eigen webside.

De Feanster klup giet yn berop tsjin de útspraak en ferwachtet dat de straffen ferfalle. Argumint is dat IJshockey Nederland de iennige organisaasje is dy't spilers foar Nederlânske klups spylgerjochtige ferklearje kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)