Harns krijt ferrassingsbesite fan tsien tallships

14 okt 2021 - 21:05

De Willemshaven yn Harns krige tongersdeitemiddei in ferrassingsbesite fan tsien tallships. De boaten binne ûnderdiel fan Race of the Classics, in jierlikse sylwedstriid foar 'Young Professionals' fan foaroprinnende bedriuwen.

De race starte woansdei yn Rotterdam en finisht oer in pear dagen yn Amsterdam. It plan wie om tusken Flylân en Skylge troch te gean, mar in grut part fan de dielnimmers hie te krijen mei seesykte en dus giene se al by Den Helder de Waadsee op.

Ik heb zelf van één tot twaalf uur gekotst.

Ien fan de dielnimmers oan de Race of the Classics

"Ik vond het fantastisch, maar er hebben ook mensen minder mazzel gehad met de zeeziekte", seit ien fan de dielnimsters. "Het was een behoorlijk wilde Noordzee", seit in oare dielnimster. "Er zijn behoorlijk wat goed misselijk geworden. Ik heb zelf van één tot twaalf uur gekotst."

No wer de fêste wâl ûnder de fuotten is gjin oerstallige lúkse. Mar de stêd ferkenne sit der net yn. "Ik ben drie jaar geleden geweest. Ik heb het hier al een keer gezien. Nu eerst tijd voor een borrel."

Foto: Omrop Fryslân, Lars de Leeuw

De organisaasje fan de wedstriid hie neffens de gemeente pas op woansdei oanjûn dat se komme soene. "Ja, dit is een heel leuke verrassing. Dit is eigenlijk Harlingen op zijn best. Dit is een gemeente waar de lijntjes kort zijn, dus als zo'n verzoek binnenkomt dan is het meteen: ja!", seit boargemaster Ina Sjerps.

Foto: Omrop Fryslân, Lars de Leeuw

Direkteur Lieuwe Krol fan The Tall Ships Races is ek bliid mei de besite. "Hartstikke leuk. It is in moai foarpriuwke foar takom jier", seit Krol, dy't dêrmei doelt op de Tall Ships Races fan 2022. "Wy fine it moai dat der op sokke moaie âlde skippen jonge minsken noch in hiel soad leare en harren ûntwikkelje kinne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)