Ynwenner Ried krijt selstraf foar skoppen tsjin 'e holle

14 okt 2021 - 20:58

In man út Ried hat in selstraf fan alve moanne krigen omdat er in man dy't út de tiid wie, tsjin de holle skopt hat.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Dat gebeurde fan 't simmer yn Doanjum. It slachtoffer fûn dat de fertochte te folle leven makke mei syn pick-uptruck en spruts him dêrop oan.

De man út Ried sloech it slachtoffer tsjin de grûn en skopte him ferskate kearen tsjin de holle, wylst de man al út de tiid wie.

Neffens de rjochtbank gie it om in poging ta deaslach en mei de fertochte fan gelok sprekke dat der gjin sprake wie fan deadlik letsel. Njonken de alve moannen sel, krijt de man út Ried ek njoggen moannen sel ûnder betingst.

It slachtoffer hold in harsenskodding, in bulte op de holle en in blau each oer oan de mishanneling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)