Van Gent fielt har oanfallen by Empatec-ferhoar: "Er zijn onwaarheden verteld"

14 okt 2021 - 20:59

Ald-wethâlder Stella van Gent fan Súdwest-Fryslân seit dat der dizze wike ûnwierheden oer har ferteld binne by de iepenbiere ferhoaren oer sosjalewurkfoarsjenning Empatec.

It ûndersyk wurdt brûkt om mei minsken ôf te rekkenjen, sei Van Gent nei ôfrin:

Van Gent wie fan 2015 oant ein 2019 wethâlder yn Súdwest-Fryslân. "Deze week zijn er aantijgingen aan mijn adres geweest waar ik me niet in herken", sei se tongersdei by de ferhoaren. "Die raken mij in mijn integriteit. Er zijn onwaarheden verteld."

In enkêtekommisje docht dizze wike ûndersyk wat der de lêste sân jier misgongen is yn it oanstjoeren fan de sosjalewurkfoarsjenning.

Trije kear yn koarte tiid moast der ekstra jild nei Empatec, om de organisaasje oerein te hâlden. Empatec fersoarget yn in tal fan Fryske gemeenten de wurkfoarsjenning foar sa'n 1.100 minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. Begjin dit jier kaam Empatec ûnder tafersjoch fan de provinsje, omdat der net genôch sicht jûn waard op de finânsjes fan it bedriuw.

De amtner oer wa't it giet, hat sein dat Van Gent lakonyk hannele yn it Empatec-dossier. Neffens de amtner wienen der soargen oer de finânsjes, troch in gebrek oan transparânsje.

Hoe't de finânsjes by Empatec regele wurde, is tige yngewikkeld:

Dat is net sa, sei Van Gent. Just har amtlik apparaat holp mei om rapporten gear te stallen en wist dus fan de finansjele situaasje. "Het is voor mij spijtig om te voelen dat er wordt gesuggereerd dat ik een rapport moedwillig heb achtergehouden."

"Het rapport-Van Gent was een intern stuk. Dat ik dat bewust niet gedeeld heb, is niet waar. Het is met de controllers gedeeld, met de ambtenaren. Het is samen tot stand gekomen."

Ferslachjouwer Timo Jepkema folge de ferhoaren tongersdei: "Van Gent is op it earste each hiel ûntspannen":

Dêr't guon oaren dy't heard waarden in stik papier meinamen, hold Van Gent in lyts blau boekje omheech. "In dit blauwe boekje staat mijn leidraad. Al mijn digitale stukken van die periode zijn er niet meer."

Nei ôfrin sei se dat se dy stikken bewust net bewarret, omdat se dêr de persoan net foar is.

Weryndieling soarge foar de problemen

Kantelpunt yn it dossier-Empatec foar âld-wethâlder Van Gent wie 2017. De weryndielingsferkiezingen wienen doe: fan njoggen gemeenten dy't oandielhâlder wienen fan Empatec, gong it bestjoer fan de organisaasje oer nei fjouwer gemeenten. Dat soarge fuortendaliks foar likwiditeitsproblemen: leanen koenen net mear útbetelle wurde.

Er is veel naar mijn handelen gewezen, maar mijn handelen is overschat.

Stella van Gent

Van Gent jout de riedskommisje in dúdlik advys mei: "We moeten breder kijken dan deze gemeentegrenzen. Wij zijn geen unicum, maar een voorbeeld van hoe het spaak kan lopen."

Neffens de âld-wethâlder is der in soad ûnkunde en ûnmacht. "Er is veel naar mijn handelen gewezen, maar mijn handelen is overschat."

Boargemaster en wethâlders noch

Earder tongersdei waard de foargonger fan Stella van Gent heard, âld-wethâlder Sjoerd Tolsma. "Achteraf, met de informatie en kennis die je nu hebt hadden we destijds misschien een jaarcontract moeten opstellen", sei er. "Dan is helder voor Empatec wat de opdracht is en wat het oplevert."

Freed is de lêste dei fan de iepenbiere ferhoaren. Dan wurde boargemaster Jannewietske de Vries en hjoeddeistich wethâlders Faber en Wielinga heard. Dêrmei komt in ein oan tolve ferhoaren. De resultaten komme yn desimber.

Yn de iepenbiere ferhoaren fan de ekêtekommissje wurde ferskate minsken heard dy't belutsen wienen by de oanstjoering fan sosjaal wurkbedriuw Empatec. Sa'n iepenbier ferhoar is it swierste middel dat in gemeenteried ynsette kin om te sjen wat der bard is. Je kinne it ferlykje mei in parlemintêre enkête lykas dat foarkomt yn de lanlike polityk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)