Topjier foar de greidefûgels troch wiet en kâld waar

14 okt 2021 - 17:39

It hat in goed jier west foar de greidefûgels. Ferlike mei in jier lyn binne der mear skriezen, mear ljippen, mear strânljippen en mear tsjirken.

Ferline jier wie noch in dramajier, dat is no oars:

Dat is tongersdei bekend makke op it Provinsjehûs yn Ljouwert. Partijen as it Bûn fan Fryske Fûgelwachten, Sovon Vogelonderzoek en de ferskate natuerorganisaasjes hawwe alle sifers fan 2021 byinoar brocht, en dat sjocht der goed út.

Yn it ferslach stean de sifers fan de nêsten en briedpearen foar de ferskate fûgelsoarten. Der is sjoen nei de sifers fan de gruttere populaasjes. It giet dan om de skries, de ljip de strânljip en de tsjirk. Opfallend is dat alle fûgelsoarten ferlike mei ferline jier yn tal tanaam binne.

Se ha hjir in topjier hân, mei in soad nêsten.

Skriesboer Murk Nijdam

Skriesboer Murk Nijdam fan Wommels neamt it in apart en seldsum jier. "Wy hiene in kâlde en wiete maitiid. Dat paste de skries geweldich. Se hawwe hjir in topjier hân, mei in soad nêsten."

Ferline jer wie it drûch en skraal. Dat is ek te sjen oan it tal piken op it lân fan Nijdam. "Us skatting is dat op myn lân 146 piken grut wurden binne. Ferline jier wiene dat mar fyftich."

Skriezeboer Murk Nijdam fan Wommels

Boer Murk Nijdam (links) - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

De positive berjochten komme foar it grut part troch it waar fan dit jier. Troch de rein wie der in protte iten beskikber foar de fûgels en koene de boeren pas hiel let it fjild op. Dat is foar de boeren sels net sa moai, mar foar de fûgels wol.

Ferromming en blydskip

Der is blydskip en foaral ferromming by de ferskate natuerorganisaasjes, seit Inge van der Zee fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. "De ôfrûne jierren haw ik minsken mei triennen yn de eagen by it buro hân. Ferline jier wie it djiptepunt. Dat rekket minsken hiel djip. No stiene sy te juichen", seit van der Zee.

It goede jier jout gjin garânsjes foar de takomst. It is jierren lang net sa goed gien mei de fûgels en it is in proses foar de langere termyn. Mar neffens Nijdam jout it wol wer hoop. "Der binne in bult piken grut wurden en in skries kin wol 30 jier wurde. Dus dit hat wer in hiel soad ynfloed op dat wy wer lang fan de fûgels genietsje kinne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)