Demisjonêr minister Hugo de Jonge op besite yn sikehûs MCL yn Ljouwert

14 okt 2021 - 17:21

Demisjonêr minister fan Folkssûnens Hugo de Jonge hat tongersdei op besite west yn sikehûs MCL yn Ljouwert. Hy wie dêr om te praten mei pasjinten op de corona-ôfdieling en om it boadskip oer te bringen fan it belang fan faksinaasje.

It wie in drokte fan belang yn it MCL:

De faksinaasjegraad moat sa gau as mooglik omheech, fynt de demisjonêr minister. Syn petear mei Hendrik Visser hat bot yndruk makke. De Urker waard yn april opnommen op de covid-ôfdieling. Hy hat tachtich dagen yn koma lein.

Visser: "Dat is een hel geweest voor mijn familie. Ik heb zes keer op het randje van de dood gelegen. Dat had een enorme impact. Ik werd opgenomen in een tijd dat vaccineren nogal ter discussie stond. De AstraZeneca werd aan getwijfeld, waardoor ik het besloot uit te stellen. Juist in die tijd raakte ik besmet. Twee maanden later werd ik wakker in het MCL. Ik hoop dat mensen mij geloven, want het toont de noodzaak van vaccineren."

Hugo de Jonge oer syn besite

Hugo de Jonge yn it MCL - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Troch dizze ferhalen hopet De Jonge dat mear minsken harren faksinearje litte. Sa'n 87 prosint fan de minsken hat in prik krigen.

"Wat ik zelf heel erg overtuigend vind, is het verhaal van de patiënten zelf," seit De Jonge. "Wij kunnen het wel steeds benadrukken, maar die boodschap is uitgewerkt. Dit verhaal moet veel meer verteld worden. Het is zonde dat je in het ziekenhuis komt omdat je het vaccin niet neemt. Dat je daarna spijt krijgt."

Longdokter Wouter van Geffen oer de besite fan Hugo de Jonge

De demisjonêr minister wie yn it MCL op útnûging fan longdokter Wouter van Geffen. Sy rekken by de ûntbleating fan in coronamonumint op 8 septimber oan de praat.

Van Geffen wol De Jonge de druk op de soarch sjen litte: "We zien dat het veel vraagt van ons, maar dat er ook zorgen zijn. Zo zitten we natuurlijk met de aankomende griepgolf, want het wordt nu eenmaal winter. Hoe moeten we omgaan met de mensen die niet willen vaccineren? Kunnen wij zo nog doorwerken? Dat zijn allemaal vragen die hier leven en ik hoop dat de minister dit meeneemt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)