Persoan omkaam by flatbrân yn Drachten

By in brân yn in appartemintekompleks oan de Berglaan yn Drachten is tongersdei in persoan om it libben kaam. Trije persoanen binne ferwûne rekke.
Marten Klaas Brinksma fan de brânwacht oer de situaasje oan de ein fan de middei:
De brân bruts tongersdeitemiddei út op de boppeste ferdjipping fan it gebou. It deadlike slachtoffer is ek fûn yn it appartemint dêr't de brân útbrutsen is.
De 35 wenningen yn de flat binne ûntromme. Tsientallen bewenners binne opfongen yn in gebou fan in notaris oan de oare kant fan de strjitte.
De brân yn Drachten © Noordernieuws
"In part fan de bewenners kin jûn noch werom", seit Marten Klaas Brinksma fan de brânwacht. "Foar in oare groep moatte we dat noch besjen."

Brân- en wetterskea

Fjouwer apparteminten binne foarearst ûnbewenber. "In tal apparteminten hat brânskea. En de brân wie op de heechste ferdjipping, dus alle apparteminten dêrûnder soenen wetterskea ha kinne."
Fjouwer oare wenningen moatte earst skjin makke wurde foardat de bewenners der wer hinne kinne. Alle oare bewenners kinne werom.