Justysje wol selstraf ûnder betingst foar Rinus Beintema om wytoalje

14 okt 2021 - 15:37

Justysje easket trije moannen selstraf ûnder betingst en in wurkstraf fan 120 oeren tsjin Rinus Beintema fan Snits, dy't minsken mei groanyske pine oan wytoalje helpt.

Rinus Beintema - Foto: Omrop Fryslân

Tsjin syn stifting Suver Nuver easket justysje in boete fan 40.000 euro, plus 60.000 euro ûnder betingst. Beintema leveret de 16.000 donateurs fan de stifting wytoalje.

De minsken brûke it as medisyn. Soks mei wol, mar allinne mei in fergunning. Suver Nuver hat gjin fergunning. Beintema komt mei donaasjes oan syn jild. "Rinus heeft mijn leven gered", sei ien fan de donateurs. In soad fan Beintema syn klanten kinne de medisinale wytoalje by de apoteek net betelje.

De wytoalje - Foto: Omrop Fryslân

Beintema hat mei sin oanstjoerd op in rjochtsaak, sei er tongersdei by de rjochtbank. Hy wol dat it foarsjen fan wytoalje legaal wurdt.

Justysje wol dat de rjochtbank in útspraak docht oer oft it wurk fan Suver Nuver strafber is op grûn fan de Opium- en de Genêsmiddelewet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)