161 nije coronabesmettingen yn Fryslân, trochsneed no ek boppe de 100

14 okt 2021 - 15:18

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 161 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 43 mear as woansdei. Doe waarden 118 coronabesmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

It giet allinnich om testen dy't ôfnaam binne troch de GGD. De testen foar in coronatagongsbewiis wurde net yn dizze sifers meinommen.

Trochsneed

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 111 besmettingen meld yn Fryslân. Woansdei lei dat trochsneed op 99, in wike lyn op 72.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der is ien Fries mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs, dat giet om in ynwenner fan Noardeast-Fryslân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 3.662. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 2.934.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)