Selstraffen fan 1 oant 5 jier foar drugslabs yn Wânswert en Lucaswolde

Fjouwer manlju dy't belutsen west ha by de produksje fan crystal meth yn drugslabs yn Wânswert en it Grinslanner Lucaswolde binne feroardiele ta finzenisstraffen fan 1 oant 5 jier.
It drugslab yn Wânswert © Plysje
De straffen falle leger út as wat it Iepenbier Ministearje (IM) fjouwer liken lyn easke hie. De rjochtbank fynt net dat it bewiisd wurde kin dat de fertochten ek drugsôffal loasd ha.

Gjin Friezen

Gjinien fan de fertochten komt út Fryslân. It giet om de eigener fan in pleats yn Lucaswolde, dêr't ien fan de drugslabs yn siet, in Amsterdammer en twa Sinezen, dy't yn Amsterdam en Almere wenje.
De heechste straf, fiif jier sel, wie foar in 64-jierrige Sinees dy't yn Almere wennet. De man wie ien fan de twa koks dy't yn Wânswert en Lucaswolde ferantwurdlik wie foar de produksje fan crystal meth. It IM hie sân jier sel easke.
De oare kok, in 48-jierrige Sinees út Amsterdam, krige trije jier sel. Tsjin him hie it IM ek sân jier sel easke, mar de rjochtbank spruts him frij fan belutsenheid by it lab yn Wânswert. Der siet wol DNA fan de man op in masker yn it Wânswerter lab, mar dat betsjut neffens de rjochter noch net dat er ek yn it drugslab aktyf west hat. De fertochte seit dat er der oan it klussen wie.

Eigener buorkerij moat 26.000 euro betelje

De twa koks waarden op 27 oktober 2020 oanholden doe't se crystal meth oan it meitsjen wienen yn Lucaswolde. It lab siet in de buorkerij fan in 55-jierrige man. Dy krijt trije jier sel: hy hat meiholpen mei it opbouwen fan it lab en krige in part fan de winst. 26.000 euro moat er werom betelje.
De leechste straf wie foar in 60-jierrige ynwenner fan Amsterdam: hy moat in jier de sel yn. De man hat in pear kear guod nei Lucaswolde ta brocht, boumaterialen helle en de twa koks nei it lab ta brocht. Hy moat witten ha dat der drugsproduksje plakfûn, neffens de rjochter.

4 miljoen oan crystal meth yn Wânswert

By de ynfal yn oktober ferline jier yn Lucaswolde fûn de plysje 3,5 kilo oan crystal meth en trije kilo metamfetamine-oalje. Yn Wânswert lei yn febrewaris 2020 foar goed fjouwer miljoen euro oan crystal meth.
"Na een keer crystal meth gebruiken ben je verslaafd", sei de offisier fan justysje by de behanneling fan de saak. Neffens de rjochtbank ha de fertochten bydroegen oan in organisearre foarm fan drugskriminaliteit "die gepaard gaat met zwarte geldstromen en ondermijning van de Nederlandse samenleving".