Ald-wethâlder Sjoerd Tolsma: Empatec loslitte is 'ondoordacht'

14 okt 2021 - 13:46

Ald-wethâlder Sjoerd Tolsma fan de gemeente Súdwest-Fryslân fynt dat Súdwest-Fryslân net selsstannich in sosjaal wurkbedriuw opsette kin. Ut Empatec stappe soe in 'ondoordachte' kar wêze. Dat sei er op de fjirde dei fan de iepenbiere ferhoaren yn de riedseal yn Snits.

Ald-wethâlder Sjoerd Tolsma by it ferhoar - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Tolsma wie yn de perioade fan 2011 oant 2015 wethâlder yn Súdwest-Fryslân. In perioade wêryn't Empatec der finansjeel goed foar stie. "Der wie gjin reden om ús dêr soargen oer te meitsjen," sei Tolsma nei ôfrin fan de riedsenkête.

"Oaren wolle de skuld bûten harsels hâlde"

De kommisje dy't de fragen stelde harke earst nei in ferklearring fan Tolsma oer wat der earder dizze wike yn de ferhoaren nei bûten kaam is. "Ik hoef op deze plek niet mijn gelijk te halen of iemand de schuld geven." Letter tsjin Omrop Fryslân: "Ik sit der foar de minsken, ik doch net mei oan it poadium jaan oan minsken dy't noch wat ôf te rekkenjen hawwe. En benammen de skuld bûten harsels hâlde."

Ferslachjouwer Timo Jepkema oer de saak

Neffens de âld-wethâlder, dy't no direkteur is fan de Ljouwerter stichting foar maatskiplik wurk Amaryllis, waard yn syn perioade posityf sjoen nei Empatec.

Oer de gearwurking: "Die was samenwerkingsgericht." Sa waarden kolleezjestikken altyd op tiid oanlevere."Ondanks het ingewikkelde dossier en de wetgeving die veranderde was de wisselwerking tussen de aandeelhouders en het bestuur altijd goed."

Yn de iepenbiere ferhoaren fan de enkêtekommissje wurde ferskate minsken heard dy't belutsen wienen by de oanstjoering fan sosjaal wurkbedriuw Empatec. Sa'n iepenbier ferhoar is it swierste middel dat in gemeenteried ynsette kin om te sjen wat der bard is. Je kinne it ferlykje mei in parlemintêre enkête lykas dat foarkomt yn de lanlike polityk. Ald-wethâlder Sjoerd Tolsma prate Hollânsk yn it ferhoar, nei de tiid stie er Omrop Fryslân yn it Frysk te wurd.

De riedskommisje heart âld-wethâlder Sjoerd Tolsma - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Wol jout Tolsma ta dat it net handich wie dat er as wethâlder in dûbele pet op hie. "Ik ha it advys ek jûn om tenei ien wethâlder ferantwurdlik te meitsjen as oandielhâlder fan Empatec en in oar as fertsjintwurdiger fan de gemeente."

De enkêtekommisje woe benammen witte oft de minne finansjele situaasje fan Empatec te foarkommen west hie. "Achteraf, met de informatie en kennis die je nu hebt hadden we destijds misschien een jaarcontract moeten opstellen. Dan is helder voor Empatec wat de opdracht is en wat het oplevert."

Finansjele bydrage de wurknimmer

Kearn yn it ferhaal is de bydrage fan gemeente foar in wurknimmer by Empatec. Dat sit sa: in sosjaalwurkbedriuw kin net altyd winst meitsje. Dêrom drage gemeenten jild by.

"We hadden een financiële buffer, dus om die bijdrage van 500 euro te verhogen, daar was geen aanleiding voor. Het was ook een middel om te laten zien: kijk, het gaat goed met de werknemers bij Empatec."

"Visieloos en doordacht"

Tiisdei hearde de enkêtekommissje gemeentesekretaris Pieter Zondervan. Neffens him moat Súdwest-Fryslân serieus sjen nei de opsje om út Empatec te stappen. Tolsma hie dêr gjin wurd foar oer. "Dat is een visieloze, ondoordachte en financieel veel te dure optie. Gooi dat idee in de prullenbak. Ik vind het onbegrijpelijk. We hebben de andere gemeenten wat betreft samenwerking keihard nodig."

Ald-wethâlder Stella van Gent folge yn 2015 har partijgenoat Sjoerd Tolsma op as wethâlder. Sy sil troch de enkêtekommissje letter yn de middei heard wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)