Twadde Keamer trunet yn moasjes oan op oplossing tolkekwestje

Ferskate partijen yn de Twadde Keamer hawwe der by minister Dekker op oantrune dat der gau in oplossing komme moat foar de tolkekwestje. Rjochtbanktolken Frysk hawwe it wurk dellein omdat sy fine dat sy te min fergoeding krije. Dêrtroch komt it praten fan it Frysk yn de rjochtseal yn de knipe.
Rjochtbanktolken fierden aksje yn Ljouwert foar hegere fergoeding © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Yn in koart debat binne tongersdei twa moasjes yntsjinne oer de Fryske tolkekwestje. De iene wie fan de Twadde Keamerleden Hilde Palland (CDA) en Mirjam Bikker (CU). Sy fine dat der rjocht dien wurde moat oan de Wet Gebrûk Fryske Taal út 2014. Dêr stiet ek yn dat yn Fryslân elk dy't dat wol yn de rjochtbank it Frysk brûke mei.
De oare moasje wie fan SP-Twadde Keamerlid Michiel van Nispen. Hy is fan betinken dat it tolketaryf bot ferhege wurde moat. Net allinnich fan de Fryske tolken, mar fan de tolken yn alle talen.
Minister Dekker fan Rjochtsbeskerming hat de moasje fan de SP ûntret. De reden dêrfoar is dat kollega-minister Grapperhaus noch dwaande is mei in oanbestegingsproseduere.
Dekker kin wol libje mei de moasje fan it CDA. Hy fynt ek dat de kwestje mei de tolken yn Fryslân gau oplost wurde moat. Mar hy seit der net by hoe.

VVD liket ek yn beweging te kommen

De tolken hâlde mear jild oer as se fierder fuort wurkje. Dan krikt de reiskostefergoeding it taryf noch wat op. VVD-Twadde Keamerlid Ulysse Ellian wiisde de minister, syn partijgenoat, derop dat it ryk goedkeaper út is as se de tariven ferheegje. Sa't it no giet kostet it mear jild.
Ellian fynt dat de minister dêr nochris goed nei sjen moat. It liket derop dat der yn de VVD no ek in lyts bytsje beweging sit wat de tolkekwestje oanbelanget,

Demonstraasje

Foarôfgeand oan it debat wiene der lytse demonstraasje yn Den Haag dêr't de Fryske rjochtbanktolk Fedde Dijkstra ek by oanwêzich wie.
De stimming oer de moasjes folget letter