Skaker Migchiel de Jong lit debút op NK oan him foarby gean fanwege coronatesten

14 okt 2021 - 12:57

"It wie in dreech beslút. Ik haw deroer tocht om dan wol al dy testen te dwaan. Mar dan moat it wol in gelyk spylfjild wêze." Skaker Migchiel de Jong út Ljouwert lit it NK yn Hoogeveen oan him foarby gean. Hy is it net iens is mei de ferplichte coronatesten.

Skaker Migchiel de Jong, hjir op argyfbyld 2017 - Foto: Vysotsky

De oare Fries, Sipke Ernst - earder fan Damwâld-, docht wol mei oan it NK dat freed begjint. Hy en De Jong hiene mei fjouwer oare topskakers in koart pleit oanspand tsjin it Nederlânsk skaakbûn en de gemeente Hoogeveen. It NK is yn it gemeentehûs fan dat plak.

Ynset fan it koart pleit is it coronatagongsbewiis. Dat is in QR-koade of, foar skakers dy't net faksinearre binne, in test foar de wedstriid. En dat hellet de spilers út de konsintraasje, sa is it beswier.

De Jong: "Wy moatte twa oeren foar elke wedstriid in test dwaan litte. Dat liedt hiel bot ôf fan de tarieding. En boppedat, ik moat fan Ljouwert nei Hoogeveen reizgje."

Foto: Shutterstock.com / Orla

Migchiel de Jong: "Dreech beslút"

De rjochter wie it net iens mei de arguminten fan de seis topskakers. Dat se gjin gelyk krije soene, hie De Jong wol ferwachte. Hy fynt it yn alle gefallen wichtich syn stim hearre litten te hawwen.

It is foar it earst dat it lid fan de Fryske skaakferiening Philodor him pleatst hat foar it NK. De Jong wol hiel graach meidwaan, allinnich net ûnder de betingsten dy't it skaakbûn en de gemeente Hoogeveen steld hawwe.

Spylje sûnder ferplichte QR-koade of test is bêst mooglik, neffens De Jong. Yn Grins is mei krysttiid altyd in skaaktoernoai. De organisaasje dêrfan hat al oanjûn net mei ferplichte testen of QR-koade wurkje te wollen, seit De Jong. "Dêr meld ik my no alfêst foar oan."

Trefwurden: 
NK skake Migchiel de Jong
(Advertinsje)
(Advertinsje)