VV Balk siket wer fuotbalskuon foar asylsikers: "Ynhelle troch aktualiteit"

14 okt 2021 - 11:05

Fuotbalklup VV Balk is op syk nei fuotbalskuon foar asylsikers fan it azc yn it doarp. It sintrum bliuwt langer iepen en dêrtroch bliuwt de oanwaaks fan spilers by de fuotbalklup ek grut.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De asylsikers binne entûsjast oer it fuotbaljen, seit Freddy Hornstra fan VV Balk. "Soms steane se ynienen oan it fjild. De minsken sykje ferdivedaasje en sy wolle graach meitraine."

It is net de earste kear dat de fuotbalklup skuon siket. "Ferline jier wiene der yn it azc in soad bern, dêr't wy in soad skuon foar socht hawwe."

Ynhelle troch de aktualiteit

Mar it kin no opnij, seit Hornstra. "It azc soe ticht, dêrom hiene wy gjin foarried oan skuon mear socht. Mar de aktualiteit hat ús ynhelle: it azc yn Balk bliuwt noch yn gebrûk foar in soad minsken. Dy komme dus geregeld by ús op de klup. Dêr sykje wy dan skuon foar, want dy hawwe sy sels net. Om har net op kosten te jeien, besykje wy har te helpen."

Freddy Hornstra fan VV Balk

De klup siket fuotbalskuon yn de maten 39-43. "De folwoeksen Friezen hawwe wol wat gruttere skuonmaten as de bewenners fan it azc. Mar as sy noch in bytsje brûkber binne, wolle wy se graach hawwe. Wy kinne der minsken bliid mei meitsje. Sa kinne sy sporte en sa kinne sy der ek in bytsje tusken komme."

De nije fuotballers dogge it net ûnfertsjinstlik. "Sneon hat ús twadde al gebrûk makke fan in Syriër dy't noch mar ien wike meitraind hat. Hy hat no syn debút al makke."

It asylsikerssintrum fan Balk hie eins al twa wiken ticht wêze moatten, mar omdat de ynstream fan asylsikers út Afganistan grut is en en statushâlders net gau trochstreame nei oare wenplakken, sitte opfanglokaasjes yn it lân te fol.

It COA hat oan gemeente De Fryske Marren frege oft it azc langer iepen bliuwe kin. De gemeenteried nimt dêr oan de ein fan de moanne in beslút oer. Boargemaster en wethâlders hawwe bepaald dat it azc oant dy tiid iepen bliuwt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)