Portret fan in reinbôgefamylje: "Wat makket it út mei wa't se thúskomme?"

14 okt 2021 - 10:37

"Jo krije bern en dêr gean jo foar. Dan komme se út de kast, en dan? Oan it bern feroaret dochs neat?", seit Christian van Hoorn fan Itens. Mei syn frou Carla en bern Jurre en Mika foarmet er in reinbôgefamylje. Yn it ramt fan Rôze Sneon komt Omrop Fryslân mei harren ferhaal.

Mem Carla en heit Christian oer Mika dy't non-binêr is:

Der is krekt in pakketsje binnenkaam. It is fan de wurkjouwer fan mem Carl. In pakje mei reinbôgeguod dat op Rôze Sneon mei kin op de boat yn Ljouwert. Der wurdt lake as Mika by Jurre in hierbân mei de reinbôgekleuren yn it hier docht. It typearret de famylje, dy't altyd iepen en earlik oeral oer praat.

Mika wie trettjin jier doe't dy fielde dat it oars wie. Nei fiif jier kaam Mika derachter dat Mika non-binêr is. Yn dyselde perioade kaam Jurre derachter dat er homoseksueel is, mar ek net útslute kin dat er op famkes falt.

Foto: Omrop Fryslân

It wurd 'non-binêr' koene beide âlden net, mar op ynternet is in soad te finen. Dy gjin famke fiele en ek gjin jonge. Der foel in soad op syn plak doe't Carla en Christian der mear oer liezen. Allinnich is it somtiden noch altyd sykje nei wurden, seit heit Christian.

Christian wurket yn de skipsbou. Hy fertelt hoe't syn kollega's reagearren:

Mem Carla en heit Christian oer de reaksjes dy't se krije en it belang fan de reinbôgeflage:

"Praat en tink net yn hokjes", wolle Carla en Christian meijaan oan oaren as âlden fan bern dy't no de ûntwikkeling fan harren coming-out meimeitsje. Carla set har yn as frijwilliger by it COC en hat in Facebookside oprjochte foar âlden om mei-inoar yn kontakt te kommen.

Wat makket my it no út mei wa't myn bern thúskomme? Wy binne der aanst net mear en dan wol ik dat se lokkich binne.

Christian van Hoorn

Memmen binne iepener as heiten, fernimt Christian wol. Hy wol de heiten oanmoedigje it petear oan te gean. Christian sels hat it der nea dreech mei hân. Hielendal net.

"Wat makket my it no út mei wa't myn bern thúskomme? Wy binne der aanst net mear en dan wol ik dat se lokkich binne. Jo krije bern en dêr gean jo foar. Dan komme se út de kast, en dan? Oan it bern feroaret dochs neat?"

Foto: Omrop Fryslân

Sneon 16 oktober stiet Ljouwert yn it ramt fan Roze Zaterdag. Mei in tsjerketsjinst, in boateparade en in grut poadium op it Saailân wurdt stilstien by bewustwurding en akseptaasje fan seksuele en genderdiversiteit.

Yn oanrin nei Rôze Sneon makket Omrop Fryslân ferskate reportaazjes fan Friezen dy't mei dizze tematyk te krijen ha. En sneon 16 oktober binne alle festiviteiten de hiele dei te folgjen op de radio en yn in livestream op de webside fan Omrop Fryslân tusken 11.00 en 13.30 oere.

Trefwurden: 
rôze sneon
(Advertinsje)
(Advertinsje)