Keamerfragen oer brêge Koatstertille: VVD wol tydlike fersterking

De VVD hat der by demisjonêr minister Barbara Visser op oantrune om in tydlike fersterking te meitsjen foar de brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Koatstertille. Sûnt moandei is de brêge ôfsletten, om't it mooglik it ferkear net goed hâlde kin.
De brêge by Koatstertille © Omrop Fryslân
Twadde Keamerlid Peter de Groot fan de VVD hat Keamerfragen steld oan de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. De Groot hopet dat der op koarte termyn in oplossing fûn wurde kin.

Ferfanging

Der is al jierren praat oer it ferfangen fan de brêge, mar dat is útsteld oant 2027. De VVD wol witte wêrom't dit útsteld is en oft der mooglikheden binne foar 'versnelling' fan it projekt.
It sil noch wol efkes duorje foar't de brêge echt ferfongen wurde kin, mar der is wol oerlêst foar de N369. De Groot wol witte wat de krekte gefolgen foar lânbou en yndustry binne, mei om't de brêge by Skûlenboarch ek ticht is foar swier ferkear.
Untheffingen foar swier ferkear om oer de brêge by Skûlenboarch te riden binne ynlutsen om oerlêst op dat plak foar te kommen. De Groot wol ek dêr in ûnderbouwing foar.
Acht jier lyn fear der in tanker tsjin de brêge by Koatstertille oan. Doe is nei de reparaasje sein dat de brêge grif oant 2025 feilich brûkt wurde kin, mar dat blykt dus net sa te wêzen, sa konkludearret De Groot.