Noard-Dútslân wit gas- en oaljewinning yn Waadsee wol te kearen

14 okt 2021 - 08:54

Gas- en oaljewinning wurdt ferbean yn it Dútske part fan de Waadsee ûnder de dielsteat Nedersaksen. De regionale miljeuminister Olaf Lies hat oanjûn dat der in wet yntsjinne wurdt en de ferwachting is dat dy oannaam wurdt.

Gaswinning by de Waadsee - Foto: Shutterstock.com (Erik Koole Photography)

Neffens de Dútske minister binne oalje- en gaswinning net te ferienigjen mei de winsk foar in skjinne en klimaatneutrale enerzjyfoarsjenning. De Waadsee by de Noard-Dútske kust is lykas yn Nederlân UNESCO Wrâlderfgoed.

De gaswinningsplannen yn it Fryske part fan de Waadsee binne noch net fan tafel:

(Advertinsje)
(Advertinsje)