Gaasterlân krijt tinkpaniel oer fleantúchcrash yn 1941

14 okt 2021 - 08:31

By Alde- en Nijemardum wurdt tongersdei in tinkpaniel ûntbleate, dat pleatst wurdt ta oantinken fan it delstoarten fan in Ingelske bommewerper op 8 novimber 1941. By dy crash binne fiif slachtoffers fallen.

Nijemardum út de loft wei sjoen - Foto: Shutterstock.com (Travel Telly)

Inisjatyfnimmer fan de tinkplaat is ûndernimmer Sjerp Jaarsma. Hy hearde it ferhaal fan de troch in Dútske nachtjager delsketten fleanmasine pas fiif jier lyn, mar it makke in soad yndruk. "It ferhaal die my in soad en doe kaam it idee om dêr ea ris wat mei te dwaan."

Bleatefuottepaad

Ofrûne simmer is Jaarsma úteinset mei it opsetten fan in bleatefuottepaad. "Dêrby komme je ferskate buorden tsjin dêr't ferhalen op stean oer wat der eartiids bard is yn de omjouwing. Fan it paad ôf is der ek sicht op de lokaasje dêr't it fleantúch delkaam op 8 novimber 1941. Dêrom tocht ik: dit is in goed plak om in boerd te pleatsen."

Sjerp Jaarsma fertelt it ferhaal fan de crash

In grut part fan Gaasterlân hat yn 1941 de crash fan de Whitley Mk.V Z6948 EY-F meimakke. "It ferhaal fan eachtsjûgen is dat it fleanmasine al boppe Ealahuzen rekke is en dat it dêrnei by Himmelum del flein is. It earste bemanningslid foel der út en waard op it Bakhúster Heech fûn. It fleantúch is doe ôfdraaid nei it Murnzer Klif, oer de Iselmar en werom nei Nijemardum by de tsjerketoer del flein."

Yn de mar is der in twadde bemanningslid fallen. De lêste trije bemanningsleden hawwe nei alle gedachten besocht in needlanning yn te setten tusken Nije- en Aldemardum. "Hûndert meter efter de buorkerij fan de famylje Wagenaar oan de Hoitebuorren is de fleanmasine delkaam. De bemanningsleden binne allegearre ferstoarn."

Grutte yndruk yn Gaasterlân

It gie om Ingelsken, in Skot en in Ier. Jaarsma: "Sy binne letter op it tsjerkhôf fan Nijemardum begroeven. It hat in grutte yndruk makke op de befolking fan Gaasterlân."

Op in kristlike basisskoalle yn Aldemardum learden de bern it onzevader yn it Ingelsk fan de skoalmasters. Doe't fjouwer fan de fiif slachtoffer yn Nijemardum begroeven waarden, waard yn it bywêzen fan de Dútsers it Ingelske onzevader opsein. "Dat jout wol oan dat sy har dochs mei respekt begroeven hawwe."

Us Heit yn it Ingelsk

By de ûntbleating sil dûmny Hinne Wagenaar, pakesizzer fan de bewenners fan de pleats dêr't de fleanmasine by delkaam, fertelle oer de crash. Mei de bern fan basisskoalle De Walikker fan Aldemardum sil hy it onzevader yn it Ingelsk bidde. Ek is der noch in tsjûge by: de doedestiids 5-jierrige Teun Stoker, dy't yn 1941 njonken de buorkerij wenne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)