15 pestisiden fûn yn Eastermarder fjildmosken: "Dêr skrikke je gewoan fan"

14 okt 2021 - 07:48

In grut tal aaien fan fjildmosken by Eastermar komt net út. Yn de syktocht nei de oarsaak dêrfan hawwe ûndersikers ûntdutsen dat yn de fûgels mar leafst fyftjin ferskillende gemyske stoffen sitte.

De fjildmosk - Foto: Shutterstock.com (Rudmer Zwerver)

De fjildmosk, de ringmus yn it Hollânsk, is in fûgelsoart dêr't it hiel min mei giet. Der binne net in soad plakken mear dêr't sy sitte, mar Eastermar yn de Noardlike Fryske Wâlden is der ien fan. Frijwilligers fan Ringgroep Fûgel- en Natuerbeskermingswacht Eastermar dogge der alles oan om dat sa te hâlden.

Der binne 36 aaien en 12 jongen en âlden ûndersocht. It ûndersyk is mei betelle troch de provinsje en útfierd troch CLM Onderzoek en Advies.

Fyftjin gemyske stoffen

De stoffen dy't fûn binne, binne brûkt as diergenêsmiddel, bioside, gewaaksbeskermingsmiddel, yn de yndustry of earne oars. In soad oantroffen stoffen binne de ynsektisiden DDT en DEET, tebuconazol tsjin skimmels en antrachion dat tsjin fûgels wurket.

Dêr skrikke jo gewoan fan. Jo witte dat it bart, mar safolle: dat hiene wy noch nea sjoen.

Arend Timmerman fan de Fûgel- en Natuerbeskermingswacht Eastermar

It giet dus om fyftjin stoffen. "Dêr skrikke jo gewoan fan. Jo witte dat it bart, mar safolle: dat hiene wy noch nea sjoen", seit Arend Timmerman fan de Fûgel- en Natuerbeskermingswacht Eastermar. "Fyftjin stoffen dat is nochal wat. En yn de aaien acht stoffen. Ik wie wol efkes ferbjustere."

Sinjaalfûgel

De fjildmosk hat in bysûndere sinjalearjende funksje, seit Timmerman. "It is in stânfûgel. Dat betsjut dat er hiel beheind yn de leefomjouwing is. Dizze fûgel is in sinjaalsoart foar de kwaliteit fan de leefomjouwing, ek fan dy fan ús as minsken."

Lânbou en partikulieren

"It giet om stoffen dy't yn de lânbou brûkt wurde, mar ek guon dy't gewoan troch minsken brûkt wurde, om bygelyks ynsekten te kearen", leit Timmerman út. Glyfosaat en syn ôfbraakprodukten binne net fûn yn de meunsters.

Arend Timmerman fan de Fûgel- en Natuerbeskermingswacht Eastermar

Der binne wol saneamde herbisiden fûn, stoffen dy't tsjin planten brûkt wurde, en in stof dy't ynfloed hat op de plantegroei. Fiif fan de fyftjin stoffen binne no net mear talitten yn Nederlân.

Foar in part giet it om stoffen dy't net mear brûkt wurde, mar der noch wol binne, lykas DDT. Fan dy stof is bekend dat dy ynfloed hat op de tsjokte fan de aaien en hoe sûn oft in embryo of in pyk is. Mar de konsintraasjes fan eltse stof apart binne net genôch om fuortendaliks grutte gefolgen te ferwachtsjen.

Ferfolchûndersyk

Groanyske effekten binne lykwols net út te sluten. De frijwilligers freegje dêrom ek om in ferfolchûndersyk op dit earste, ferkennende ûndersyk. Omdat fjildmosken meastentiids binnen 500 meter fan harren nêst bliuwe, is it wol dúdlik dat de pestisiden ek út dy omjouwing komme.

By Eastermar is de populaasje noch aardich stabyl, nettsjinsteande dat safolle aaien net útkomme. Mar op oare plakken net. Dêrom moatte dy gebieten no mei-inoar ferlike wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)