Lêste repetysje fan 'Op klompen door de Dessa': publyk stapt yn it ferhaal

14 okt 2021 - 07:17

Yn Ljouwert wie woansdei de earste try-out yn Fryslân fan de teäterfoarstelling Op klompen door de Dessa. Freed giet it stik offisjeel yn premjêre. It ferhaal is basearre op it boek fan Hylke Speerstra.

Regisseur Koen Verheijden - Foto: Omrop Fryslân

"Ik heb er zin in", seit regisseur Koen Verheijden. "Het is te gek om het verhaal van Hylke Speerstra hier in Fryslân op te voeren. Veel van zijn verhalen zijn gebaseerd op interviews met mannen die uit Fryslân komen."

Nederlânsk-Ynje

De foarstelling fertelt it ferhaal fan in tsjinstplichtige soldaat dy't yn it eardere Nederlânsk-Ynje ynset wurdt om it gesach werom te bringen. De oarloch soe fjouwer jier duorje en wat de Nederlânske soldaat dêr allegearre belibbet, is foar de thúsbliuwers dreech te leauwen.

Regisseur Koen Verheijden

Foar Verheijden is it ek in ferhaal dat persoanlik tichtby komt. "Ik ben een Indische Nederlander, mijn oma van vaders kant was een Indische vrouw. Mijn opa was een KNIL-soldaat die in 1937 naar Nederlands-Indië is vertrokken. Mijn familie zat er tijdens de Onafhankelijkheidsoorlog en is ook teruggekomen naar Nederland. De oorlog bleef altijd in de familie hangen."

Foto: Omrop Fryslân

Bysûnder is dat de foarstelling 'ymmersyf teäter' is. De regisseur leit út wat dat krekt is: "Bij een normaal toneelstuk zit je in een zaal en kijk je naar een podium toe, maar nu ben je deelgenoot van de voorstelling en loop je door het decor. Het is mogelijk om met de acteurs te spreken. Dus je beleeft de voorstelling meer en komt meer tot de kern van het verhaal."

Aktrise Amy Rombout - Foto: Omrop Fryslân

Der is foar it stik in buorkerij neiboud, dêr't it publyk dus ek yn omrinne kin. Foar de akteurs is it ek bysûnder om sa te spyljen. Aktrise Amy Rombout: "Ik heb op de toneelschool eens een immersieve voorstelling gemaakt, dat was een hele positieve ervaring. Het was daarom leuk om het hier op een professionele manier op te zetten."

Aktrise Amy Rombout oer it stik

Likegoed foar de besikers as foar de akteurs is it in bysûndere ûnderfining, tinkt Rombout. "Als acteur krijg je veel meer terug, je ziet meteen wat het bij mensen oproept. Soms proberen mensen je uit de tent te lokken, dat is alleen maar leuk."

De foarstelling is oant en mei 24 oktober te sjen yn it WTC yn Ljouwert. Yn desimber docht er Den Haag oan, Seelân wie al earder oan bar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)