Smellingerlân op syk nei wat sy toeristen biede kin: no noch te ûndúdlik

14 okt 2021 - 06:43

Smellingerlân hat in te ûndúdlik profyl en moat better op de toeristyske kaart. Ut dizze stellingen wei organisearre de gemeente woansdeitejûn in gearkomste om in toeristysk platfoarm op te setten.

Argyffoto fan Museum Drachten - Foto: Omrop Fryslân

De ûndernimmers koene op de jûn input jaan oer hoe't sy toeristysk Smellingerlân foar har sjogge. 'Gastvrij Smallingerland', sa moat it platfoarm tenei hjitte.

Mei doarpskuier 'hotspots' sykje

Projektlieder Elizabeth Pilat: "Ik tink dat it wichtich is dat wy it mei-inoar dogge, mei de ûndernimmers. Je kinne in moai ferhaal fertelle, mar wy begjinne mei de moaiste plakjes fan Smellingerlân. Om dat te stimulearjen hawwe wy Smelne's Erfskip útnûge om in lytse doarpskuier mei ús troch Drachten te dwaan. Elts plak hat unike ferhalen dy't nijsgjirrich binne foar toeristen."

Foar de ûndernimmers yn de gemeente kin sa'n kuier fan in histoaryske feriening goed brûkber wêze, want sa kinne sy har gasten mear ynformaasje jaan oer wat der te sjen is yn de omkriten.

Ferslachjouwer Lars de Leeuw yn Drachten

Neffens ûndernimster Akkeliene Postema fan Kloesewier yn De Feanhoop is der noch wol wat wurk te fersetten om Drachten hinne. "It hat net sa'n hiel bêste namme, ik tink dat der noch wol wat wurk te dwaan is. Mar dêrfoar binne wy hjir. En it soe moai wêze as de gemeente ek dingen docht, dat it net by praten bliuwt."

Doelgroepen

Wethâlder Felix van Beek set benammen yn op in mienskiplik marketingplan om út te sykjen hokfoar doelgroepen der by de gemeente hearre. En 'met een beetje geluk hebben we ook middelen' om it te realisearjen, sa jout de wethâlder oan.

It Polderhoofdkanaal yn De Feanhoop - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(Advertinsje)
(Advertinsje)