Flinke wurkdruk by húsdokters: 'Hegere wachttiden moatte je net wolle'

14 okt 2021 - 07:18

In te hege wurkdruk, net genôch personiel fine kinne en dan ek nochris mear helpfragen krije troch de coronakrisis. It binne de útkomsten fan in enkête fan de Landelijke Huisartsen Vereniging ûnder syn leden. Ek yn Fryslân ha húsdokterspraktiken te krijen mei grutte drokte.

Foto: Omrop Fryslân

Karin Groeneveld is fan de Fryske ôfdieling fan de húsdoktersferiening en neffens har is it byld dat de lanlike enkête sketst yn ús provinsje net oars. "Dat de werkdruk als heel hoog wordt ervaren, herken ik zeker."

Neffens Groeneveld komt de drokte foar in part, omdat der noch soarch ynhelle wurde moat. "Dus mensen die in de covid-periode de deur niet uit durfden, maar die sinds de vaccinaties nu dan toch met alle klachtjes die ze hebben opgespaard uiteindelijk de huisarts gaan raadplegen."

Gruttere soarchfraach

Ek binne der noch in soad minsken dy't troch de coronakrisis mei psychyske klachten omrinne of dêrtroch yn de problemen rekke binne, seit Groeneveld. "Daarnaast is er los van de covid sowieso in toename van de zorgvraag, omdat we met z'n allen allemaal steeds ouder worden."

Noch in oare ferklearring is, dat der langere wachttiden binne by sikehuzen, de ggz en de jongereinsoarch. "En in de periode van de wachttijd is toch de huisarts weer het aanspreekpunt om tussentijds je klacht nogmaals te bespreken."

Karin Groeneveld - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Húsdokters kinne ek dreech ferfangers fine as se bygelyks sels siik binne, seit Groeneveld. "Dat geldt voor huisartsen, voor waarnemend huisartsen, maar ook voor onze assistentes en praktijkverpleegkundigen."

Se tinkt dat de pasjinten no noch net in soad fernimme fan de drokte by de húsdokterspraktiken, mar dat kin feroarje as der gjin strukturele oplossingen komme. "Dan kan het zijn dat patiënten gaan merken dat ook bij de huisarts de wachttijd toeneemt en volgens mij moeten we dat met z'n allen echt niet willen."

Gearwurking

Foar de takomst moat der neffens Groeneveld minder administrative wurkdruk komme foar de húsdokters, sadat der mear tiid frijkomt foar de pasjinten, en in yntinsivere gearwurking mei oare soarchoanbieders.

"Wij zijn natuurlijk niet de enige sector met een tekort aan personeel. Dus we zullen letterlijk moeten kijken hoe we op een andere manier met elkaar gaan samenwerken, waardoor we meer zorg aan kunnen met dezelfde hoeveelheid mensen."

Karin Groeneveld

(Advertinsje)
(Advertinsje)