Iuwenâlde Koreaanske topstikken te sjen yn Ljouwerter keramykmuseum Princessehof

13 okt 2021 - 20:28

Iuwenâlde potten en pannen út Koreä binne fan dit wykein ôf te sjen by keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert. Dêr begjint sneon de tentoanstelling 'KOREA Poort naar een rijk verleden'.

Keramyk út Súd-Koreä yn Ljouwert:

Troch in gearwurking mei it National Museum of Korea yn Seoul koe it Princessehof oan tal fan âlde en nijere topstikken komme.

Bygelyks in moon jar út de Joseondynasty. Dat is echt in topstik neffens konservator Eline van den Burg. "Het is in Zuid-Korea ook een nationaal symbool geworden".

It is in faas dy't de foarm hat fan de moanne. Yn de 17e en 18e iuw waard dy makke as foarriedpot. "Bijvoorbeeld bij de Olympische Winterspelen, die er in 2018 waren, werd het ook gebruikt in de ceremonie. Dus het geeft wel aan hoe bijzonder dit object voor hen is", seit Van den Burg.

Sa'n topstik is neffens de konservator fan it keramykmuseum priceless. It is bysûnder dat de stikken salang bewarre bleaun binne en dat se allegearre in eigen ferhaal hawwe.

Foto: Omrop Fryslân

Dêrom is it neffens de Van den Burg ek ekstra bysûnder dat sokke kwetsbere stikken hielendal oerkaam binne út Koreä. "Dat was in hele grote kisten, waarin het nog weer in prachtige doosjes zat met heel veel kussens." Foar har wienen it stik foar stik kadootsjes.

20 potten kimchi

Mar de tentoanstelling is breder as allinnich keramyk. Der wurdt sjoen nei de iuwenâlde Koreaanske kultuer oan de hân fan tema's as iten, skjintme-idealen en rituelen. Nije trends binne der te sjen, lykas K-pop, en ek is it tradisjonele gerjocht kimchi makke.

De Ljouwerter Annejil Suk had dielnommen oan in klankboerdgroep. In groep minsken dy't ynteressearre binne en in link hawwe mei Koreä is frege om nei te tinken oer de yndieling, teksten en aktiviteiten.

Krekt as soerkoal

Suk is berne yn Koreä en op har tredde nei Ljouwert ta kaam. "Ik ha al werris werom west nei Koreä en bin yn dy tiid hielendal 'verzot' rekke op it iten. Dat haw ik meinommen nei Nederlân en hjir haw ik it iten mei in foodkream en restaurant oan de man brocht."

Dat makke ek dat sy foar de eksposysjeseal fan de ytkultuer tweintich potten mei kimchi makke. Dit is in tradisjoneel gerjocht en wurdt de hiele dei troch by elk miel iten. "It is fermintearre Sineeske koal, krekt as by soerkoal", leit Suk út. By de iepening sil se ferskate hapkes útdiele, dêr't ek kimchi yn sit.

Guus Hiddink

De eksposysje wurdt freed iepene troch âld-bûnscoach en eareboarger fan Koreä Guus Hiddink. Fan sneon ôf oant en mei 21 augustus 2022 is de tentoanstelling tagonklik foar publyk. De oanlieding foar de eksposysje is it 60-jierrich bestean fan de diplomatike relaasje tusken Nederlân en Súd-Koreä.

(Advertinsje)
(Advertinsje)