Femke Faber fan LDODK mei Oranje nei EK: "Dit fielt as in bonus"

13 okt 2021 - 18:35

Femke Faber fan LDODK makket har debút yn Oranje Se is de iennige Fries dy't selektearre is foar it EK fan ein oktober yn België. Tiisdei spile se yn Wolvegea in útswaaiduel tsjin in regioteam mei spilers fan LDODK, SCO en DOS'46. Yn in útferkochte sporthal De Steense wûn TeamNL mei 27-13.

Femke Faber debutearret yn EK-seleksje kuorbal

De karriêre fan Femke Faber (26) hat in opmerklik ferrin. As famke fan 16 jier siet se al yn in Nederlânsk jeugdteam. Doe rûn se in swiere knibbelblessuere op en dat koste har doe har plak yn Oranje. In lange refalidaasje folge. Mei stipe fan in knibbelbrace en dosearde training wist Femke har werom te knokken nei it heechste nivo. Se spilet al jierren yn it earste team fan LDODK op it heechste nivo: de Kuorbal League.

It fielt foar my as in bonus.

Femke Faber oer har dielname oan Team NL nei in swiere knibbelblessuere

Femke Faber har comeback foel op by de nije bûnscoach Jan Niebeek. Hy hat har útnûge foar de EK-seleksje fan TeamNL. Ferline wike krige se te hearren dat sy by de definitive seleksje fan Oranje sit dy't ein oktober nei België giet. De bêste sân manlju en sân froulju fan Nederlân hoopje dêr op 30 oktober de Europeeske titel binne te slepen. Femke hie gjin hoop en ferwachtingen, oars soe se bot teloarsteld wêze as it net trochgien wie, "mar doe't it nijs kaam dat ik mei mocht, wie ik fansels superbliid. It fielt foar my as in bonus."

Bûnscoach Jan Niebeek oer Femke Faber yn EK seleksje

Bûnscoach Niebeek is ûnder de yndruk fan Faber, foaral om't se nei sa'n swiere blessuere sa sterk weromkaam is. "Dat heeft ze heel knap voor elkaar gekregen." Hy fynt Faber in fersterking foar syn EK-seleksje: "Ik ben blij dat ze erbij is."

Femke Faber yn it Nederlânsk kuorbalteam yn Wolvegea - Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

Yn in grôtfolle sporthal De Steense yn Wolvegea spile Oranje tiisdeitejûn tsjin in regioteam fan SCO. It waard 27-13 foar it nasjonale team. Nei ôfrin koenen de fans hantekens helje by harren favoriten en selfies meitsje. Femke wurket dêr graach oan mei: "As TeamNL bist in foarbyld foar de bern. Altyd leuk dat se komme om in hantekening. Leuk om te sjen dat se dy herkenne en dat se witte datst derby sitst."

Femke Faber foar TeamNL - Foto: Marco Spelten, Actiefotografie

Femke Faber is debutant yn it Nederlânske team. Se sjocht út nei it EK yn België. "Jo witte dat Nederlân topfavoryt is op it EK. Foar my is de hiele belibbing om no al mei te kinnen it moaiste fan alles. it belangrykste foar my is om no hiel bot te genietsjen."

Femke Faber oer har debút yn Oranje

It Nederlânsk kuorbalteam giet fan 'e wike nei Tsjechië op trainingskamp. Dêrnei makket TeamNL him op foar it EK yn België, ein dizze moanne. Se nimme it op tsjin Dútslân, Kataloanië, Hongarije, Ingelân. Portugal en Tsjechië. En fansels tsjin it gastlân België. De earste wedstriid is op 25 oktober tsjin Ingelân.

EK-seleksje Oranje tsjin regioteam kuorbal yn Wolvegea - Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

It nasjonale kuorbalteam is op dit stuit kampioen yn World Games, wrâldkampioen en Europeesk kampioen. Se hawwe njoggen kear de World Games wûn en tsien kear WK- en EK-titels behelle.

No earst dus it EK yn België. Foar takom jier stean de World Games wer op it programma. Dat sil heve yn de Feriene Steaten fan Amearika. In jier letter, yn 2023, is it WK yn Taiwan.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK EK Femke Faber
(Advertinsje)
(Advertinsje)