Ald-Omrop-haadredakteur Hans Snijder wurdt direkteur by de Hartstichting

Fries om utens Hans Snijder, âld-haadredakteur fan Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant, wurdt de nije direkteur fan de Hartstichting.
Hans Snijder © Omrop Fryslân
Snijder wie fan 2002 oant 2009 haadredakteur by de Omrop en fan 2009 oant 2017 by de LC. Dêrnei waard er yn Utrecht direkteur media en kommunikaasje fan it Prinses Máxima Centrum foar berne-onkology. Dêr is er op it stuit ek noch oan it wurk.
Neist syn funksje by it bernesikehûs is er ek foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan AVROTROS.
Snijder begjint op 1 febrewaris fan takom jier by de Hartstichting.