Smoothie-fyts op It Hearrenfean moat learlingen by polityk belûke

Gemeente Hearrenfean wol learlingen fan de middelbere skoalle oan it bewegen krije. Om dat foarinoar te krijen, stiet der woansdei in hometrainer yn de kantine fan it Kei College.
Sels fruitdrankje meitsje op smoothy-fyts yn skoalkantine:
"It is wat in swier ding, mar gelokkich sitte der tsjillen ûnder", seit wethâlder Jelle Zoetendal wylst er in hometrainer troch de kantine fan de middelbere skoalle sleept. Mei in grutte klap set er de fyts middenyn de kantine te plak. Zoetendal stalt dêrnei in diske út mei fruit.
"Aansen is it skoft en dan kinne de learlingen hjir in smoothie ophelje. Dêr stean grutte blenders en dêr meie sy dit fruit yn dwaan. Bananen, apels of sinesapels, wat sy mar wolle. Dan giet der in lid op en meie se dy blender foarop de fyts delsette. As se dan traapje, wurdt alles ta in smoothie makke."
De smoothie-fyts op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Fuortendaliks as de fyts klearset is, komme der twa learlingen op ôf. Stefan van Es en Floortje van der Ende wolle graach in smoothie hawwe. "Ik sport no eins te min, mar ik help ús pake altyd wol op de pleats. Dat is fansels ek wol goed om te dwaan", seit Stefan.
As Stefan klear is, springt Floortje op de fyts. "Ik fyn it goed dat de gemeente hjir op ynset, want it is wichtich om in soad te sporten. Sels doch ik oan ferskate sporten. Ik fyn dit echt leuk om te dwaan."
Dochs is bewegen net it iennige doel fan de gemeente. "We wolle derop ynsette de bern mear by de polityk te belûken," seit Zoetendal. "Wy hoopje sa mei harren yn kontakt te kommen en te freegjen wat sy fan de polityk ferwachtsje. Dat hoopje wy dan ynfolje te kinnen. De polityk letterlik aktyf meitsje. Dat is it idee."