RIVM meldt 118 nije coronabesmettingen yn Fryslân

13 okt 2021 - 15:26

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 118 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 12 mear as tiisdei. Doe waarden 106 nije coronabesmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

It giet allinnich om testen dy't ôfnaam binne troch de GGD. De testen foar in coronatagongsbewiis wurde net yn dizze sifers meinommen.

Trochsneed

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 99 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 88, in wike lyn op 71.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Der binne gjin Friezen mei it coronafirus opnommen yn de Fryske sikehuzen.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 3.746. Dat is it heechste oantal sûnt 29 july. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 2.806.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)