Harnzers grutsk op selsstannichheid gemeente

13 okt 2021 - 13:04

Ynwenners fan Harns wolle yn de takomst graach in brûzende binnenstêd mei ferskate mooglikheden foar rekreaasje. Omtinken foar natuer, grien en bioferskaat is ek wichtich.

Kenmerkjende Harnzer hûzen - Foto: Shutterstock.com (Marc Venema)

Dat binne de belangrykste útkomsten út in enkête dy't de gemeente holden hat en dêr't goed 700 minsken op reagearre ha. Fraach dy't sintraal stie: hoe sjocht Harns der yn 2040 út?

"Een belangrijke uitkomst is dat onze inwoners graag een bruisende binnenstad willen hebben", seit wethâlder Erik de Groot. "Een binnenstad waar ze kansen zien op het gebied van cultuur en recreatie, bijvoorbeeld een filmhuis maar ook een zwemgelegenheid buiten."

Stapgelegenheid jeugd

Der is ek spesjaal omtinken nedich foar jongerein, sadat dy ek mooglikheden ha om op stap te gean.

De Groot is der wiis mei dat sa'n soad minsken de enkête ynfolle ha. "We hebben daardoor heel veel waardevolle informatie op kunnen halen. Niet alleen over wat onze inwoners in de toekomst graag anders of beter zien, maar ook wat ze nu al goed vinden gaan en waar ze trots op zijn."

Grutsk

Ynwenners omskriuwe de gemeente as 'havenstêd', 'gesellich' en 'thús'. Se binne grutsk op de selsstannichheid fan de gemeente.

De resultaten fan it ûndersyk wurde brûkt om in fyzje foar de lange termyn te meitsjen. Dêryn wurdt de koers foar de takomst fan de gemeente fêstlein.

Trefwurden: 
Harns takomst enkête
(Advertinsje)
(Advertinsje)