Toulûkerij om stikkene lift yn Bosbergtoer Appelskea

13 okt 2021 - 12:44

De gemeente Eaststellingwerf sit yn de mage mei de stikkene lift yn de Bosbergtoer by Appelskea. Sûnt dat de lift der kaam yn 2017 binne der geregeld problemen.

Wachtsje op de lift yn Bosbergtoer Appelskea - Foto: Lourens Looijenga

De lift yn de útsjochtoer by Appelskea is stikken en dat kin wolris in juridysk sturtsje krije. De lift waard yn 2017 ynstallearre. Sûnt dy tiid binne der geregeld problemen. Dy foelen earst ûnder it ûnderhâldskontrakt fan de leveransier.

Yn de coronatiid yn 2020 wiene der wer problemen doe't de lift nei langere tiid wer oan set waard. Yn maart fan dit jier konkludearre de gemeente dat de problemen struktureel binne. Der moat wat barre, want dit kin sa net langer.

Waarsynfloeden

It bestjoeringssysteem fan de lift sit boppeyn de toer. It kin net oer waarsynfloeden, by 't winter en ek by 't simmer. By de bou is dêr te min rekken mei hâlden, fynt de gemeente. Der hie mear beskerming wêze moatten.

De gemeente hat kontakt opnaam mei de bouwer fan de toer en mei de leveransier fan de lift. Dat hat oant no ta neat opsmiten, want de problemen binne der noch altyd. Dêrom wol it Liftinstituut dizze lift gjin sertifikaat fan feiligens jaan. Dat is ferplichte om yn wurking te wêzen. Sûnder sertifikaat mei de lift gjin minsken ferfiere.

Wa betellet it?

Der moatte oanpassingen komme, mar wa betellet dat? De gemeente hopet oer twa wiken te witten hoe heech oft de kosten binne. De bouwer fan de toer en de leveransier fan de lift binne net fan doel dy foar eigen rekkening te nimmen.

It is de fraach oft de gemeente harren dêrta twinge kin. Der wurdt no útsocht oft juridyske stappen wat opsmite. De gemeente wol dat de lift takom seizoen wer yn wurking is.

Gemeente wol toer ôfstjitte

De gemeente woe earder it eigendom, it behear en it ûnderhâld fan de toer oan de Coöperatie Appelscha regio 3.0 oerdwaan. Dêr wie yn 2017 al sprake fan. It is oant no ta noch net slagge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)