Portret reinbôgefamylje: "Ik bin net tsjin hokjes, wol tsjin foarbestimde hokjes"

13 okt 2021 - 10:16

Yn it ramt fan Rôze Sneon komt Omrop Fryslân mei in rige portretten oer in reinbôgehúshâlding. Woansdei yn diel twa oer de famylje Van Hoorn út Itens it ferhaal fan Jurre. Hy is homoseksueel, mar slút net út dat er op famkes falle kin.

Foto: Omrop Fryslân

Jurre spilet gitaar yn de wenkeamer fan syn âlderlik hûs. Heit en mem harkje en syn 'bruske' Mika sjongt. Mika is non-binêr en kin net suske of broer neamd wurde. Jurre fynt dat 'bruske' it meast yn de buert komt.

Hy hat in soad stipe oan Mika hân yn syn 'reis', sa't er it sels neamt. Yn 2018 stie er each yn each mei in jonge by de Pride yn Ljouwert. Hy fielde fan alles en dat wie it momint dat er derachter kaam dat er homoseksueel is.

It ferhaal fan Jurre:

Dochs slút Jurre net út dat er op froulju falt. Al dy labels en hokjes. Hy is der net op tsjin, mar wol tsjin de foarbestimde hokjes. Jurre krijt net faak ferfelende reaksjes. Fan freonen heart er dat dy se wol krije. Jurre soe der wol twa kear oer neitinke foar't er yn Fryslân bûtendoar hân yn hân mei in man rinne soe.

Leafde

Yn oanrin nei Rôze Sneon is gender en aard mear as earder ûnderwerp fan petear wurden. Foar Jurre stiet Rôze Sneon foar leafde, foar wa dan ek. Dat elkenien wêze kin wa't er wêze wol. Hy laket. De kar wurdt allinne mar grutter op dizze manier.

Tongersdei it tredde en lêste diel fan de rige oer de reinbôgefamylje. Heit Christian en mem Carla fertelle dan har ferhaal.

Sneon 16 oktober stiet Ljouwert yn it teken fan Rôze Sneon. Mei in tsjerketsjinst, in boateparade en in grut poadium op it Saailân wurdt stilstien by bewustwurding en akseptaasje fan seksuele en genderdiversiteit.

Yn de wike foar Rôze Sneon makket Omrop Fryslân reportaazjes oer Friezen dy't mei dizze tematyk te krijen hawwe. Op sneon 16 oktober binne alle festiviteiten de hiele dei te folgjen op de radio en yn in livestream op de webside fan Omrop Fryslân tusken 11.00 en 13.30 oere.

Trefwurden: 
rôze sneon
(Advertinsje)
(Advertinsje)