Trije Friezen nei WK skeelerjen yn Kolombia ta

13 okt 2021 - 09:38

Berber Vonk, Moniek Klijnstra en Ruurd Dijkstra ha in plakje yn de Nederlânske seleksje foar it WK skeelerjen, dat yn novimber holden wurdt yn Kolombia.

Moniek Klijnstra - Foto: Martin de Jong Fotografie

Dat der in Nederlânske ploech nei Kolombia ta giet, is noch mar koartlyn wis wurden. Der is sosjale ûnrêst yn Kolombia. "Dat kon tot veiligheidsrisico's leiden", skriuwt de KNSB. "En de coronasituatie was lang onduidelijk."

Begjin dizze wike krige it reedrydbûn goede berjochten út Kolombia. "Op beide vlakken zijn we gerustgesteld", seit Marcel Scheperkamp fan de KNSB. "Voor de Colombianen is inlineskaten volkssport nummer één, wij hebben er alle vertrouwen in dat zij dit WK goed zullen organiseren."

It WK is yn Ibagué, in stêd sa'n 200 kilometer noardlik fan Bogotá. Ibagué leit op 1100 meter hichte. It begint op 6 novimber en duorret oant en mei 13 novimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)