De toan fan Froukje Sijtsma: "In boadskip fan de Wettergoaden"

"Ik fielde oan myn wetter dat der wat net kloppe dy nacht, mar dochs kaam ik ferline wike net yn aksje en bleau ik lekker op bêd lizzen. Ik hearde in apart lûd.
It klonk as it tikjen fan wetter fan in wiet badpak oan de line. Ik koe allinnich sa gau net betinke wat it lûd wie. It reinde net en ik hie ek gjin wiete bikiny úthingjen, dat ik draaide my om en luts it dekbêd fier oer myn earen hinne. De wekker soe pas oer goed trije oeren gean.
Mar ik koe mar net yn sliep komme en dat yrrante tikjen hâlde ek mar oan, dat ik besleat op ferkenning te gean. Doe't ik de baaikeamer ynrûn, wienen myn fuotten gelyk wiet. Ik begryp noch hieltyd net hoe't ik it hân haw, mar ik hie dy nacht, nei't ik der efkes út west hie, mei myn slûge holle blykber de hendel fan de kraan in bytsje oanstean litten by in waskbak dy't net goed trochrint.
Alle handoeken yn it kastje derûnder wienen dweiltrochwiet. En sadwaande stie ik nachts om fiif oere de flier te dweilen, mar wat wie ik bliid dat ik wekker west hie en net pas oeren letter de skea opnimme soe.
Dochs begjin ik sa stadichoan wol wat wietichheid te fielen, want lekkaazje is in weromkearend tema yn myn libben. Yn myn studintetiid bygelyks, de lekkerij fan it dak op myn souderkeamer of it dûswetter dat net fia it putsje ôffierd waard, mar útkaam by de meterkast.
Of dy kear doe't ik wer efkes in skoftke by myn âlden wenne nei myn ôfstudearjen. Ferhûsdoazen mei boeken en klean koe ik wol kwyt yn de útfanhûzerskeamer. Der stie ek wol in bêd, en hiel logysk, ek in akwarium. Fansels begûn dat te lekken doe't ik moarns noch heal lei te sliepen. Ik koe noch krekt op tiid myn ynboel rêde.
En dêr bleau it net by. Ik fyn it altyd hearlik as it keihurd reint, mar dat hat de lêste jierren syn sjarme ek ferlern. Seis jier lyn is it alwer, ik wie noch mar krekt mem wurden. Op in middei hie ik de poppeklean yn de bykeuken ophongen, doe't der in enoarme reinbui foel. Stoartbuien, hoasbuien, it wie der neat by. It like wol in tropyske moessonbui. Ik seach hoe't op ferskillende plakken yn de bykeuken brún wetter fia de muorren delkletste.
En in pear moannen letter wie it wer raak yn it âlde monumintale hûs dêr't ik doe wenne. Ik lei moarns, mei de lytse poppe neist my noch wat te slûgjen. Ik hearde in kraan en gie derfan út dat myn suske, dy't by my útfanhûze, ûnder de dûs stie, mar in heal oere letter hearde ik it wetter noch hieltyd streamen en de baaikeamer wie leech. Ik gie fuort op ûndersyk út en seach dat it kraantsje foar it ekspansyfat fan de cv-tsjettel noch iepenstie.
De wetterslang wie eksplodearre troch de druk en liters wetter wienen fan it souder, fia de etaazje mei de sliepkeamers, troch myn ynboukast fol boeken yn de wenkeamer nei de wenwinkel ûnder ús tarûn en kaam úteinlik ta stilstân yn de kelderopslach, dy't fol lei mei kessens en tekkentsjes. It wie wier in ferskrikking.
Lokkich wie ik alle kearen yn 'e buert en koe ik fuort yn aksje komme. Ek dy kear doe't myn âlden út Burdaard in pear wiken op fakânsje wienen. Ik hie de brievebus leechhelle en de planten in snitterke wetter jûn. Ik soe wer nei hûs ta, mar betocht my dat ik likegoed wol mei útsjoch op de Dokkumer Ie oan it wurk koe.
Op de eftergrûn miende ik in waskmasine te hearren. Wat nuver tocht ik noch. Der stie ommers gjin apparaat oan en yn in frijsteand hûs sille je dochs ek gjin lûd fan buorlju hearre? En dus gie ik mar ris op ekspedysje.
Yn de sliepkeamer fan ús heit en mem seach ik fuort hoe't it tapyt it wetter absorbearre dat út de oangrinzjende baaikeamer weikaam. Ut in ynspeksje letter kaam nei foaren dat de wetterslang net goed oanlein wie troch in ynstallaasjebedriuw. Hoe dan ek, as ik pas wer in wike letter wer by myn âlden werom west hie, hoe heech hie it wetterpeil yn de Dokkumer Ie dan wol net stien?
En as ik al dy tsûnamys sa ris op in rychje set, dan begjin ik my ôf te freegjen oft it universum of wettergoaden my ek in boadskip oerbringe wolle? Binne der sluzen yn myn libben dy't ticht of just iepen moatte, moat ik ophâlde om noch langer idioate dweilen yn myn libben ta te litten? Ik wit it wier net.
En op it momint dat ik klear wie mei dizze kollum, beslute ik justermiddei om mysels te traktearjen op in lekker broadsje by myn favorite stek yn Ljouwert. Ik soe myn bestelling telefoanysk trochjaan, mar de frou oan de telefoan sei: "Sorry mevrouw, we zijn vandaag dicht. We hebben vannacht lekkage gehad."
De wc boppe wie oerspield en al it wetter wie de keuken ynlekt. Sokke boadskippen haw ik noch nea op myn dak krigen, mar ik wit wol dat ik de folgjende kear fuortendaliks yn aksje kom, as ik oan myn wetter fiel dat it net goed sit."