Hulde oan de Fryske hoarizon: eksposysje fan mear as tûzen foto's

13 okt 2021 - 07:33

Goed tûzen foto's op in wand fan langer as 150 meter; op dy wize wol Park Vijversburg yn Tytsjerk in hulde bringe oan de Fryske hoarizon.

Burgum - Foto: Hulde aan de Horizon (Loeki Hogeveen)

De eksposysje wurdt woansdei iepene. En tusken de foto's sit fan alles wat. "Foto's van professionele fotografen, van hobbyisten, vanuit de auto met mobieltjes", fertelt Bouke Kors fan de organisaasje Merk Fryslân. "Fryslân is zo mooi, dat alles toegestaan was."

Yn it echt moaier as online

It idee kaam nei in online aksje wêrfoar't minsken foto's ynstjoere koenen. Dêr kaam sa'n soad reaksje op, dat se der by Vijversburg mear mei woenen. "Foto's zijn online mooi, maar in het echt op groot formaat is het nog mooier."

It is beslist gjin wedstriid, mar as Kors sels in favoryt útkieze moat, kiest er foar in foto fan de Tsjûkemar. "Dat is mijn persoonlijke voorkeur, omdat dat de omgeving is waar ik zelf woon."

Ut alle hoeken

"Maar uit alle hoeken van de provincie zitten er prachtige foto's bij. De waddenkust en de eilanden zijn goed vertegenwoordigd, maar ook een foto van een koe door een weiland bij Joure bij zonsondergang, sneeuwtaferelen, prachtige meren. Het geeft een prachtig beeld van horizons en landschappen in Fryslân."

Mear foto's fan de eksposysje:

Bouke Kors fan Merk Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)