Nije fers fan Dichter fan Fryslân: Call Me by Your Name

'Call Me by Your Name' is it nije - en lêste - gedicht fan de Dichter fan Fryslân Nyk de Vries. It is makke nei oanlieding fan Rôze Sneon (op 16 oktober).
© Omrop Fryslân
Call Me by Your Name
Dû wiest al fuort doe't ik opgroeide.
Lang wist ik net iens dyn namme.
Dyn heit seach ik wolris skoffeljen.
Dyn mem seach ik soms de SRV-wein
yngean.
Pas folle letter, no ûngefear in jier
lyn, hâlde se my steande healweis de
Simmerdyk.
Se sei wyls âld en griis: 'Jonkje, ik
prate oer fan alles, mar oer it wichtichste
hâlde ik my stil.
Wêrom liet ik my net hearre? Wêrom
fytste ik deromhinne? Wie ik bang foar
konsekwinsjes? Wie it gewoanwei in
oare tiid?
Yn dy jierren hongen der hjir op it
doarp gjin reinbôgeflaggen.
Ik soe winskje dat ik it doe doard hie,
dat ik mei myn jonge pronke hie, sa't
dyn mem letter die mei dy.'
It wie mar in koart petearke, mar elke
kear as ik sûnt dy middei in kleurde
fane hingjen sjoch, tink ik oan dy
myn ûnbekende buorjonge.
En fansels soms oan dyn skoffeljende
heit op 'e tún.
Mar it meast tink ik oan wa't dat
symboal fermoedlik it meast noadich
hân hie, by de kassa yn 'e SRV-wein of
by in petear op 'e dyk.
In ferhaal wurdt pas in ferhaal as it
ferteld wurde kin.
Ja, it meast en it faakst tink ik
oan dyn mem.

Ofskied

Op freed 12 novimber is by it festival Explore the North it ôfskied fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân. Dan is ek de presintaasje fan syn nije dichtbondel en wurdt de nije Dichter fan Fryslân bekend makke.
It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.
Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl.