Lytser dak foar nij Cambuurstadion: "Het lijkt nu meer op een voetbalstadion"

De plande oerkaping fan de hoeken fan it nije Cambuurstadion yn Ljouwert is skrast út de bouplannen. It is ien fan maatregels dy't nedich binne om in gat fan 2,8 miljoen euro yn de begrutting te tichtsjen.
Cambuurstadion krijt lytser dak:
Dat gat ûntstie troch de hegere prizen dy't no foar boumaterialen frege wurde. Mar dat lek is no boppe wetter. Untwikkelder en bouwer Van Wijnen en SC Cambuur ha de begrutting no rûn en op 22 oktober wurdt in omjouwingsfergunning oanfrege.
It is in nije stap om wer wat tichterby de bou fan in nij Cambuurstadion te kommen. Dat it hieltyd tichterby komt, wie tiisdeitejûn ek te fernimmen op in ynformaasjejûn foar omwenners en oaren dy't nijsgjirrich wienen nei de lêste stân fan saken. Der kamen sa'n 200 minsken op ôf.
Ympresje fan it nije Cambuurstadion mei de iepen hoeken © Widdershoven Architecten
Neist boukundige oanpassingen binne ek oare ôfspraken feroare, bygelyks oer it sponsorjen troch Van Wijnen. En dat eltse tribune no in eigen dak krijt (yn stee fan ien grut, trochrinnend dak), kin derfoar soargje dat it waar wat better by de minsken komme kinne oan de sydkanten.
Elk nadeel heeft z'n voordeel.
Cambuur-direkteur Ard de Graaf
"Je stond ook niet 100 procent droog mét die daken", seit Cambuur-direkteur Ard de Graaf. "Dat is nu helemaal open en bloot komen te liggen. Daardoor komen de tribunes wel mooier uit, zou de voetbalpurist zeggen. Het begint meer op een voetbalstadion te lijken. Elk nadeel heeft z'n voordeel in dit geval."
Om dochs wat beskerming tsjin rein te ha, komt dêr in hurd soart, trochsichtich plastic. Ien fan de oanwêzigen hie wol wat noed oer it mooglik tanimmen fan lûdsoerlêst troch dizze yngreep, mar waard gerêststeld mei de meidieling dat soks goed ûndersocht is.

Ienfâldiger

Yn it oansicht fan de gevel binne der ek wat wizigingen kaam: it wurdt wat ienfâldiger. Mar gjin inkelde oanpassing hat ynfloed op it gebrûk fan it stadion, fersekeret De Graaf.
Sa'n 200 minsken wienen by de gearkomste oer it nije Cambuurstadion yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Ien en oar is ek mei de supporters bepraat. "Wij willen dat we draagvlak hebben bij de supporters", seit De Graaf. "Daar is dit uitgekomen. Andere bezuinigingsopties pasten niet, dezen wel."

Planning: begjin takom jier bouwe

Alle direkt belutsen partijen binne bliid dat ynkoarten de omjouwingsfergunning oanfrege wurdt. As dy ferliend wurdt, kin it bouwen begjin takom jier úteinsette.
De sloop fan de âlde gebouwen op it plak fan it nije stadion neist it WTC Expo set dizze moanne ek útein.