Operaasje Fryske Flagge: Elsemieke Stokman wennet yn de Switserske Alpen

12 okt 2021 - 19:13

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Elsemieke Stokman wennet yn Switserlân.

Elsemieke Stokman yn Switserlân - Foto: Omrop Fryslân

Se is berne yn Koudum, mar no hat se útsicht op bergen. Dêr hat se altiten fan dreamd. Yn Switserlân wurket se as fysioterapeute en docht se in masterstúdzje yn haadstêd Bern.

Humor

"De Friezen hâlde fan drûge humor", seit Elsemieke. Neffens har wurdt dat dêr net altiten sa goed begrepen. "Ik tink dat de Friezen ek noch earder sizze wat harren op it hert leit."

It Switserk-Dútsk - de taal "sjongt hiel bot" - hat se al goed ûnder de knibbel. It plak dêr't se wennet mei har freon liket wol wat op Koudum. Har freon rûn se tsjin it liif yn har gastfamylje.

Tradisjoneel

It tradisjonele fan it lân sprekt har oan, lykas de bergen. "De bergen is it moaiste wat der is." It leafst is se yn de natuer. "Yn de bergen, te skyen, of te rinnen." It duorret in oerke foar't se op de skys stiet. "Ut hús wei sjoch ik wol de Alpen."

Mar dochs mist se Fryslân wol in bytsje: "it wetter oeral en de knotshurde wyn yn Fryslân mis ik hjir somtiden wol, dat je oeral útwaaie kinne. Dat fyn ik echt prachtich yn Fryslân." Mar sa fier is Switserlân fansels ek net fuort. Heit en mem kamen sels al in kear del op de fyts. "Se binne yn juny op de fyts stapt, doe kamen se hjir twa wike letter oan."

Elsemieke Stokman oer de Switserske Alpen dêr't se wennet

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)