VV Nicator lûkt earste fuotbalalvetal werom út kompetysje

12 okt 2021 - 17:44

VV Nicator yn Ljouwert hellet it folsleine earste alvetal út de kompetysje. De útslaggen en minne kondysje fan de spilers soargen derfoar dat it bestjoer kaam mei dit beslút.

Foto: Shutterstock.com (matimix)

Dit seizoen sette it team mei 16 spilers útein, mar der wiene mar in pear dy't de training oankoene, sa seit foarsitter Weistra. "Het doet zeer, het is een verlies voor de vrijwilligers en het bestuur dat zich ervoor heeft ingezet."

Mentaliteit

"We gingen vol goede moed het seizoen in, maar van de eerste selectie, de basis waren er maar een stuk of 6,7 die de goede mentaliteit hadden qua trainingsintensiteit," seit er.

Blessueres en minne útslaggen sa as de 8-3 tsjin Harns fan dit wykein soargen derfoar dat it bestjoer de knoop trochhakt hat. "Het elftal moest op de been worden gehouden door spelers van het tweede elftal."

'Moeilijk verhaal'

"We snappen er eigenlijk als vrijwilligers van het bestuur en leiders en trainers ook niets van. Het voetbal is een leuk spelletje maar je moet wel de basisconditie voor hebben. Als je het dan een opgave vindt om te komen trainen, wordt het een moeilijk verhaal."

Neffens Weistra hat de trainer, Richard Dijkstra, it lang besocht. "Hij heeft veel geduld met de selectie gehad. De basisproblemen speelden vorig seizoen ook al, het werd onderbroken door corona. Ik denk dat iedere andere trainer al eerder de knuppel in het hoenderhok had gegooid."

'Nieuw seizoen'

Yn it nije seizoen stiet der in nij team yn it fjild. Inkele fuotballers út it earste team wurde no ûnderbrocht yn it twadde en tredde team. "Dan gaan we daar in het nieuwe seizoen vol goede moed mee verder."

Foarsitter Erik Weistra fan VV Nicator

(Advertinsje)
(Advertinsje)