10 jier sel foar deaslach Ljouwerter hierbaas

In 27-jierrige man is yn heger berop feroardiele ta in finzenisstraf fan 10 jier foar it deaslaan fan syn hierbaas yn Ljouwert. It IM hat 18 jier sel easke, mar it gerjochtshôf fan Ljouwert hat gjin bewiis fûn foar in foaropset plan.
Justysje © Shutterstock.com
De fertochte wie studint en hierde in keamer by it slachtoffer. Se binne beide berne yn Sina. De holle fan it 73-jierrige slachtoffer wie ynslein yn de nacht fan 1 op 2 july 2019. Twa wiken letter waard de man fûn yn syn hûs oan de Prof. Gerbrandyweg. Syn lichem lei yn in sliepkeamer en wie diels ferpakt yn jiskepûden en der lei klean oerhinne.
Foar it hôf stiet fêst dat it slachtoffer mei krêft op syn holle slein is. Wêrmei is net dúdlik wurden, in wapen is nea fûn. "Het slachtoffer bevond zich in een weerloze positie, laag bij de grond. Mogelijk was hij geknield", sei de foarsitter fan it hôf tiisdei op de útspraak. Dêrnei hat de fertochte it lichem nei de wen- en sliepkeamer brocht en de wenkeamer skjinmakke.

Folslein tarekkenber

It hôf feroardielet de man, dy't folslein tarekkenber is, ek foar it stellen fan 5150 euro fan it slachtoffer. De rjochtbank yn Ljouwert lei him yn 2020 in selstraf fan 12 jier op foar deaslach. It IM gie yn berop. Troch nije wetjouwing foar 'voorwaardelijke invrijheidstelling' komt it hôf no ta in selstraf fan 10 jier. Dit betsjut dat de man yn alle gefallen 8 jier yn de sel trochbringe moat.